Kloksto it leafst alle dagen om healwei fiven út, bliuwst by foarkar de hiele dei efter dyn laptop sitten en genietest fan fêst wurk yn in standert proses? Lês dan net fierder. Wy sykje nammentlik om projektlieders dy’t ferantwurdlikheid doarre te pakken, fleksibel wurkje wolle en fluch trochgroeie wolle! Past dat by dy en sikest om in tof traineeship yn it Noarden? Sollisitearje dan no!

Dizze fakatuere is op dit stuit sletten. Yn it neijier binne wy wer op syk nei nij talint. Hâld dizze website én ús sosjals yn 'e gaten!

Wat kinst ferwachtsje?

As projektlieder is gjin dei itselde. De iene dei wurkest bygelyks mei eksterne partijen oan in gebietsproses, de oare dei wurkest mei kollega’s oan in subsydzjeregeling en wer in oare dei hast oerlis mei in deputearre oer in ynfraprojekt.

Yn ûndersteande fideo fertelle hjoeddeistige trainees oer harren ûnderfinings en lizze se út watst fan it traineeship ferwachtsje kinst.

Wa sykje wy?

Wy sykje nei takomstige projektlieders mei in frisse blik en fernijende ideeën. Do hast in hbo/wo bachelor of master en op syn meast 2 jier wurkûnderfining.

Wat silst dwaan?

Ast trainee wurdst giest fan de earste dei ôf mei dyn eigen opdrachten oan ‘e slach. Dat dochst foar ûnderskate opdrachtjouwers yn de organisaasje en yn ‘e mande mei mear betûfte kollega’s. Do bist sels ferantwurdlik foar dyn resultaten en wy ferwachtsje datst by steat bist om fluch dyn paad yn de organisaasje te finen. Opdrachten kinne oer in soad ferskate ûnderwerpen gean, bygelyks de kulturele haadstêd, sirkulêre ekonomy of gebietsûntwikkeling. Dy opdrachten kinne yntern likegoed as ekstern rjochte wêze en duorje yn trochsneed in heal jier.

Dêrneist folgest ien dei yn ‘e wike in opliedingsprogramma of wurkest oan in mienskiplike opdracht mei de oare trainees. 

Wat biede wy?

It traineeprogramma rjochtet him op toptalint en dêr heart in passend lean by. Yn earste ynstânsje krigest in jierkontrakt. By goed funksjonearjen wurdt dat mei in jier ferlinge.

  • In lean fan € 2.818,63 smoarch yn ‘e moanne op basis fan 36 oeren.
  • Do hast fleksibele wurktiden en wurkest 40 yn ‘e wike. Dêrtroch boust alle wiken 4 oeren ekstra ferlof op.
  • Krigest fakânsjejild en in trettjinde moanne.
  • In opliedingsprogramma, dêr’tst persoanlike en ynhâldlike trainingen yn folgest.
  • Krigest in telefoan, laptop en der binne oare, goede sekundêre arbeidsbetingsten.

Op dit stuit is sollisitearjen net mooglik. Yn it neijier giet de fakatuere iepen en sjogge wy út nei dyn sollisitaasje!

Fragen en kontakt

Wy hawwe fêst in tal faak stelde fragen foar dy op in rychje set. Stiet dyn fraach der net tusken? Mail dan nei trainee@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 86 32, berikber op wurkdagen tusken 9.00 en 17.00 oere.

Faak stelde fragen