Fan 5 septimber ôf wurksumheden Sintrale As.

Fan moandei 5 septimber ôf fiert oannimmer Heijmans yn opdracht fan de provinsje Fryslân werstelwurksumheden út oan de Sintrale As (N356). De wurksumheden binne op 'e hichte fan De Falom en de ôfslach Damwâld.

De wurksumheden bestean út it oanbringen fan in foljekonstruksje op de stielslakken en nij asfalt. It wurk is opdield yn ferskillende fazen. De earste faze bestiet út wurksumheden oan de westside fan de Dwarslaan en de noardwestside fan De Falom en oan de eastkant fan de Dwarslaan en de noardeastside fan De Falom.

By de útfiering is yn beide rjochtingen ien rydbaan beskikber, om mooglik te meitsjen dat it ferkear ûnder de wurksumheden noch wol de Sintrale As brûke kin. It iepenbier ferfier rydt de gebrûklike rûte en docht de gebrûklike bushaltes oan. Nei ferwachting binne dy wurksumheden yn desimber 2022 klear.

It is needsaaklik dat de Sintrale As yn beide rjochtingen trije kear yn syn gehiel ôfsletten wurdt, tusken ôfslach Dokkum en ôfslach De Westereen. De dyk is yn beide rjochtingen ôfslúten foar ferkear op:

  • Moandei 5 septimber 06:00 oere oant woansdei 7 septimber 06:00 oere;
  • Freed 7 oktober 19.00 oant snein 9 oktober 20:00 oere (ûnder foarbehâld);
  • Opkear yn desimber (noch te bepalen).

It ferkear op de dyk wurdt ûnder de ôfslutingen omlaat. Dat jildt ek foar it iepenbier ferfier.

Mear ynformaasje(externe link).

Een overzichtskaart met daarop de omleiding aangegeven in een doorlopende lijn en de afsluiting met een stippellijn aangegeven.

Yn 2023 folget de twadde faze, mei wurksumheden oan de súdwestside en de súdeastside fan De Falom.