Betsjinningstiden brêgen en slûzen

Yn it farseizoen fan 2024 wurde de brêgen en slûzen in Fryslân fan sneon 23 maart oant en mei tongersdei 31 oktober betsjinne.

Brug Klaarkamp steekt af tegen een strak blauwe lucht

De iepeningstiden fan de brêgen en slûzen yn Fryslân fine jo op dizze kaart. Foar aktuele opkearingen of te ferwachtsjen opûnthâld check foar en tidens jo reis de skipfeartberjochten op teletekst nummer 721(eksterne keppeling), of de lanlike webside www.vaarweginformatie.nl(eksterne keppeling).

De aktuele betsjinningstiden kinne jo ek ôflêze yn dit oersjoch. Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan helpt it Klantkontaktsintrum jo graach fierder.

Brêgediening bûten betsjinningstiden foar beropsfeart

Foar brêgebetsjinning bûten betsjinningstiden en allinnich yn de tiidfakken dy't dêrfoar oanwiisd binne kinne jo, op syn minst 2 oeren yn it foar, belje mei it omropnûmer: 058 - 292 58 88. Utslutend te berikken op moandei o/m freed fan 08.30 - 16.00 oere.

It giet om ôfrop foar:

Van Harinxmakanaal:

  • Van Harinxmabrug;
  • Koningsbrug.

Farwei Drachten:

  • Hooidamsbrêge.

Invaart Leeuwarden Oost:

  • Greunsbrug.

Invaart Leeuwarden West:

  • Slauerhoffbrug.

De tiidfakken fine jo yn ûndersteand dokumint.

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.

Betsjinningstiden op Turfrûte fan brêgen en slûzen yn farseizoen 2024

Yn it farseizoen 2024 wurde de brêgen en slûzen fan woansdei 15 maaie oant en mei sneon 14 septimber fan 9.30 oere oant 16.30 oere betsjinne. Der is gjin middeisskoft. Op sneinen en feestdagen wurde de brêgen en slûzen net betsjinne, op de sneinen yn july en augustus is der wol betsjinning.

Konfoaifeart maitiid 2024

Op sneon 20 april 2024 kin yn konfoai (ûnderweis oanslute) fan ‘e Gordyk nei de Rolbrêge fearn wurde en fan Appelskea en Donkerbroek nei Mildaam. Ofreis de Gordyk: 10.00 oere en 14.00 oere. Ofreis Appelskea: 08.00 oere. Oan ‘e konfoaifeart binne gjin kosten ferbûn. Belangstellenden kinne har oant twa dagen fan tefoaren by de provinsje Fryslân, ôfdieling KCC, telefoan: 058 - 292 59 25 opjaan. Dêr is ek mear ynformaasje te krijen.

Konfoaifeart hjerst 2024

Op sneon 26 oktober 2024 kin in konfoai (ûnderweis oanslute) fan de Rolbrêge (de Tynje) nei de Gordyk (oant slûs de Gordyk) fearn wurde en fan Mildaam nei Appelskea en Donkerbroek. Ofreis Mildaam: 08.00 oere, ôfreis Rolbrêge: 10.00 oere en 14.00 oere. Oan ‘e konfoaifeart binne gjin kosten ferbûn. Belangstellenden kinne har oant twa dagen fan tefoaren by de provinsje Fryslân, ôfdieling KCC, telefoan: 058 - 292 59 25 opjaan. Dêr is ek mear ynformaasje te krijen.

Polderhoofdkanaal

It Polderhoofdkanaal wurdt fan 15 maaie o/m 15 septimber, alle dagen fan 9.00 oere – 20.00 oere betsjinne.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de gemeente Opsterlân. Foar algemiene fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum: 058 - 292 59 25.