It is wichtich om ús weardefolle en kwetsbere natuergebieten te beskermjen. De Wet natuurbescherming garandearret de beskerming fan dy gebieten en de yn it gebiet foarkommende wichtige soarten. Dêrby moatte jo bygelyks tinke oan natuergebieten mei byhearrende soarten dy’t foar Nederlân en/of Europa fan wichtige betsjutting binne, lykas de Natura 2000-gebieten.

As jo yn of tichteby in kwetsber natuergebiet in aktiviteit en/of wurk útfiere wolle, dy’t mooglik de kwaliteit en /of omfang fan it gebiet of de oanwiisde beskerme biste- en/of plantesoarten negatyf beynfloedzje, dan krije jo te meitsjen mei de Wet natuurbescherming. As it giet om aktiviteiten dy’t stikstof útstjitte dan kinne jo sjen by de Programmatische Aanpak Stikstof (PAS).

Foarbylden

  • Jo wolle grûnwetter winne. As jo tefolle wetter winne kin der ferdrûging ûntstean. Jo moatte ûndersykje of de grûnwetterwinning effekt op natuergebieten hat.
  • Wolle jo in feest jaan mei muzyk en fjoerwurk? As jo dat yn ‘e buert fan in natuergebiet dogge, kin him fersteuring fan oanwêzige soarten foardwaan. Jo moatte rekken hâlde mei tiid en lokaasje om negative effekten foar te kommen.
  • By de oanlis fan ynfrastruktuer yn in Natura 2000-gebiet moatte jo rekken hâlde mei it effekt fan de oanlis en it gebrûk op oanwêzige fegetaasje en soarten.

Fergunning nedich?

Oft jo in fergunning nedich hawwe, is net altyd maklik te beäntwurdzjen. It kin nei gebiet ferskille oft der negative effekten troch in aktiviteit en/of wurk oanwêzich binne of ûntsteane. As jo in aktiviteit útfiere wolle yn of yn ‘e buert fan in natuergebiet dat as Natura 2000-gebiet oanwiisd is, dan moatte jo wol ekstra wach wêze. Dat binne faak kwetsbere lokaasjes. Yn de provinsje Fryslân lizze meardere Natura 2000-gebieden. Dat hâldt net yn dat jo neat mear meie en kinne. Troch omtinken te hawwen foar kwetsbere natuergebieten en as soks nedich is mei it nimmen fan maatregels, kinne jo faak in fergunning krije. In fergunning kinne jo streekrjocht by ús oanfreegje, mar it kin ek fia in omjouwingsfergunning fan jo gemeente.

Kosten

As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Online oanfreegje

In fergunning kinne jo ienfâldich online oanfreegje. Dêrfoar hawwe jo jo DigiD (partikulieren), of eHerkenning niveau 2+ (bedriuwen en organisaasjes) nedich.

Tink derom: Foardat jo in fergunning oanfreegje, moatte jo kontakt mei de provinsje hân hawwe.

Fergunning gebieten oanfreegje

Kontakt

As jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje noch mei fragen of ûndúdlikheden sitte, nim dan kontakt mei ús op. As jo in inisjatyf hawwe yn of yn ‘e buert fan kwetsbere natuergebieten nimme jo dan ek kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 89 95.

Mear witte oer de beskerming fan gebieten?