It ‘Fûns Lok op ien’ wol de situaasje fan kwetsbere minsken yn Fryslân ferbetterje troch projekten te finansieren, dy’t diskriminaasje tsjingeane, iensumens bestride en de situaasje ferbetterje fan minsken dy’t soarch nedich hawwe.

Ynformearrende digitale gearkomste – Set ‘Lok op ien’ yn Fryslân

Op tiisdei 16 febrewaris 2021 fan 14.00 - 15.45 oere organisearjen Kansfonds en provinsje Fryslân in ynformearrende digitale gearkomste oer it ‘Fûns Lok op ien’. Dit is foar jo sosjaal-maatskiplikke organisaasje in moaie gelegenheid om dêr kennis fan te nimmen en mooglik jo kânsen te gripen.

Tip: Wolsto no al mear witten? Besjoch dan alfêst de beoordelingscriteria hjirûnder of lês mear oer it fûns op de webside fan Kansfonds(externe link).

Yn de perioade 2020-2023 kinne maatskiplike organisaasjes in bydrage oanfreegje fan op syn meast € 20.000,- by it 'Fûns Lok op ien’. De provinsje Fryslân en Kansfonds wurkje nau gear mei it ‘Fûns Lok op ien ", dat as Fûns op Namme ûnderbrocht is by Kansfonds.

Man met schaduw van een hand op zijn gezicht en een oude man staart uit het raam

Mei elkoar ûnderweis nei in ynklusive mienskip

Kansfonds en de provinsje Fryslân slane de hannen yn inoar om Fryske inisjativen te helpen, wêrby’t minsken nei elkoar omsjogge. Kansfonds leaut yn in mienskip wêryn’t plak is foar elkenien, krekt ek foar kwetsbere minsken. De provinsje hat yn Kansfonds in partner fûn dy’t beskikt oer de nedige kennis en kunde, ûnderfining en in relevant netwurk yn de provinsje.

In feilige sosjale omjouwing en sosjale kontakten soene foar elkenien in fanselssprekkendheid wêze moatte. Om dy reden wolle Kansfonds en de provinsje Fryslân projekten mooglik meitsje dy’t diskriminaasje tsjingeane, iensumens bestride en de situaasje ferbetterje fan minsken dy’t soarch nedich hawwe. Sa wolle wy minsken yn steat stelle om op in ynklusive wize diel te nimmen oan de mienskip en de sosjale kontakten tusken minsken befoarderje .

Projektfoarstellen dy’t bydrage oan boppesteande en dy ynfloed hawwe op provinsjale skaal , kinne in berop dwaan op it ‘Fûns Lok op ien’.

“In feilige sosjale omjouwing en sosjale kontakten drage by oan in brede wolfeart yn Fryslân, sadat de ynwenners fan ús provinsje har gelokkich fiele kinne. Der binne yn Fryslân in soad minsken, organisaasjes en ynstânsjes dy’t har hjir foar ynsette wolle. Dy wolle wy stypje en fasilitearje mei it Fûns Lok op ien.” – deputearre Douwe Hoogland

Beoardielingskritearia

Oanfragen wurde beoardiele neffens de rjochtlinen(externe link) fan Kansfonds. Projektfoarstellen moatte foldwaan oan tenminsten twa fan de folgjende fjouwer rânebetingsten:

  • Fernijend en yn ko-kreaasje ta stân kommen tusken meardere partijen.
  • Empowerjend.
  • Mei bliuwend effekt nei de projektperioade.
  • Ta stân kommen út in oantoanbere belutsenens wei fan de mienskip, mei commitment fan de gemeente(n).

In oanfraach yntsjinje

Op 1 maaie 2020 is it ‘Fûns Lok op ien’ lansearre. Fan dy datum ôf kinne maatskiplike organisaasjes yn Fryslân in bydrage oanfreegje fan maksimaal € 20.000,- by it ‘Fûns Lok op ien’. Wolle jo in oanfraach yntsjinje? Doch dan earst in foaroanfraach. Dêrnei nediget Kansfonds jo út om in folsleine oanfraach yn te tsjinjen.

Kontakt

Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei Kansfonds. Sy binne alle wurkdagen berikber op tel. 035-6249651. Jo kinne ek in mail stjoere nei info@kansfonds.nl ûnder fermelding fan jo kontaktgegevens. De projectadviseurs Frédérique van Middelkoop en Bram Truijen tinke graach mei jo mei wat it ‘Fûns Lok op ien’ foar jo betsjutte kin.

Logo's van het Kansenfonds en de provincie Fryslân