Fryslân ynventarisearret de animo yn de provinsje foar de spesifike opkeapregeling fan it Ryk. De regeling biedt boeren, dy’t tichteby Natura-2000 gebieten sitte, in ekstra mooglikheid om mei harren bedriuw op te hâlden. Oankeap is op basis fan frijwillichheid. In wichtige betingst om diel te nimmen is dat de boer net op in oar plak op ‘en nij begjinne mei. De provinsje freget boeren dy’t belangstelling hawwe om harren ynteresse by de provinsje kenber te meitsjen.

Belangstelling? Meld it by de provinsje!

It giet om in earste ynventarisaasje. It kenber meitsjen fan belangstelling kin troch de oankeapkalkulator op aankoopcalculator.aerius.nl yn te foljen en de útslach dêrfan fóár 17 jannewaris mei de provinsje te dielen troch dy nei stikstof@fryslan.frl te mailen. Op basis fan de belangstelling dy’t foar de regeling toand is en it effekt fan mooglike oankeapen op Natura-2000 gebieten, beslute Deputearre Steaten ein jannewaris oft de provinsje Fryslân oan de opkeapregeling fan it Ryk meidocht. En dus, oft it mooglik is in tal boerebedriuwen oan te keapjen mei it troch it Ryk beskikber stelde budzjet. As de provinsje beslút oan de regeling diel te nimmen, dan wurdt mei belangstellenden kontakt opnommen oer it ferfolchproses.

Webinar oer opkeapregeling

De provinsje organisearret op 16 en op 17 desimber in ynformearjend webinar oer de spesifike opkeapregeling. De regeling en it proses fan beslútfoarming yn de provinsje Fryslân wurde taljochte. It is mooglik fragen te stellen oer de regeling en hjiroer mei elkoar yn petear te gean. It is ek mooglik om anonym mei te dwaan. It programma is op beide dagen gelyk.

Meidwaan oan in webinar kin fia ûndersteande link.

Opkeapregeling Ryk

It Ryk hat lanlik 350 miljoen euro beskikber steld foar de spesifike oankeapregeling. As provinsjes yn guon gebieten mei doel boerebedriuwen oankeapje, sakket yn dy gebieten de stikstofdeposysje. Dat is goed foar de natuer.

Yn 2021 stelt it Ryk noch in  (frijwillige) ophâldregeling beskikber; de lanlike Beëindigingsregeling veehouderijen. Foar dy regeling kinne melkfee-, barge- en plomfeehâlders harren meidertiid sels opjaan.