Alve fan ‘e tweintich Natura 2000 (N2000) gebieten yn Fryslân binne stikstofgefoelich. Om in goed byld te krijen fan ‘e stikstofproblematyk yn dizze N2000-gebieten binne gebietsanalyzes dien. Dizze analyzes jouwe ynsjoch yn de natoer, ekonomy, stikstofboarnen en -problematyk yn it gebiet. De gebietsanalyzes foarmje de basis foar petearen oer de (ûn)mooglikheden foar de stikstofoanpak rjochte op de stikstofgefoelige N2000-gebieten.

Yn it generaal kin konkludearre wurde dat lânbou (molkfeehâlderijen) yn Fryslân de wichtichste boarne fan stikstofútstjit is. Op de Waadeilannen binne dat ek skipfeart en útstjit út ‘e see. Yn ‘e stikstofwet – dy’t noch fêststeld wurde moat yn de Earste Keamer  - stelt minister Schouten it doel dat yn 2030 it stikstofnivo foar op syn minst de helte fan ‘e hektares natoer yn stikstofgefoelige N2000-gebieten yn Nederlân sûn wêze moat. Yn Fryslân leit de grutste útdaging om dit doel te heljen benammen yn de N2000-gebieten op de sângrûnen yn it súdeasten fan ‘e provinsje. It giet dan om it Fochteloërfean, de Bakkefeanske Dunen, it Wynjeterperskar en it Drints-Fryske Wold. As men nei 2035 sjocht (74% sûne hektare yn N2000-gebieten) dan komt It Amelân dêrby.

Oanpak rjochte op it gebiet

Yn de oanpak op it gebiet wurde maatregels nommen yn ‘e neiste omkriten fan N2000-gebieten, dy’t yn ‘e mande mei belutsen partijen ferkend wurde. Doel is om te sjen dat der struktureel minder stikstof delslacht yn natoergebieten. Dêrnjonken wurde der yn de N2000-gebieten maatregels nommen om de natoer te werstellen. It Ryk hat hjir jild foar beskikber steld. De provinsje sjocht yn ‘e neiste omjouwing fan de alve stikstofgefoelige N2000-gebieten mooglikheden om maatregels te keppeljen oan oare doelen dy’t helle wurde moatte. Tink hjirby oan ‘e transysje fan de lânbou (bygelyks troch oanpassings yn bedriuwsfiering, ekstinsivearring, mear beweidzjen of stâloanpassings) en it fêstlizzen fan CO². De oankommende moannen praat de provinsje mei bewenners en (gebiets)kommisjes yn it gebiet en de dialoochpartners oer hokker (ûn)mooglikheden der binne foar de stikstofoanpak yn alle stikstofgefoelige natoergebieten. Eventuele provinsjale boarnemaatregels wurde hjir yn meinommen. Oan ‘e hân fan dizze ferkenning wurket de provinsje de oanpak fierder út. Yn it neijier fan 2021 moat begûn wurde mei de oanpak.

Fryske oanpak

Fryslân wurket yn ‘e stikstofoanpak gear mei Fryske sektorpartijen út ‘e lânbou, natoer, bou, mobiliteit, yndustry en oare oerheden. De Fryske stikstofoanpak is in oanpak rjochte op it gebiet. Maatregels moatte liede ta werstel fan de Fryske natoer en strukturele ferleging fan stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.