De provinsje Fryslân hat yn 2019 op ‘e nij de titel Fairtrade provinsje krigen (titel sûnt 2016). De provinsje foldocht dêrmei oan de fiif kritearia dy’t opsteld binne troch de lanlike kampanje Fairtrade Gemeente(eksterne keppeling). Dit past goed by de provinsjale ambysje om te stypjen oan de Duurzame Ontwikkelings Doelen(eksterne keppeling), de ynternasjonale Sustainable Development Goals (SDG’s).

De titel hawwe wy behelle yn oparbeidzjen mei Fryske gemeenten, ynwenners en ûndernimmers. Yn 2020 hat gemeente Noard East Fryslân de earfolle titel Fairtrade Gemeente krigen. Op de kart hjirûnder sjogge jo hokker Fryske gemeenten de titel hawwe of der warber foar binnen om dy te heljen. Omt der op dit mêd ek gearwurking is yn it Noarden, litte wy it plaatsje fan Noard Nederlân sjen.

Bern, jongerein en Fairtrade

Wy behelje graag bern en jongerein by Fairtrade. Alle skoallen kinne in Fairtrade skoalle wurde! Yn ‘e mande mei aktiviteiten foar in sûne en duorsume skoalle, freegje wy omtinken foar Fairtrade. Hoe’t dat kin? Bygelyks mei help fan in lessesearje dy’t troch de provinsjale wurkgroep makke is, sjoch hjirfoar by de del te heljen dokuminten  ûnderoan dizze side. Foar mear nijs oer Fair Fryslân, folgje de Facebookside(eksterne keppeling).

Nijs

Folgje it aktuele nijs(eksterne keppeling)

Sko oan en diel dyn ferhaal oer Fair Fryslân

Yn Fryslân binne in soad ûndernimmers dy’t fairtrade ûndernimme. Dat dogge se bygelyks troch by produkten dy’t fier wei komme, lykas kofje, sûkelade of blommen, te kiezen foar fairtrade. Mar fairtrade kinst ek tichter by hûs realisearje. Ast bygelyks iten keapest dat tichteby groeit, helpst boeren en túnders út dyn regio. Boppedat skeelt it brânstof foar de reis. Dus: better foar de boeren, it miljeu en do ytst lekker farsk!

Ferhalen út de regio(eksterne keppeling)

vrouw met een koe aangelijnd, een boer staat achter de koe en de vrouw


Wurkgroep Fair Fryslân

De wurkgroep Fair Fryslân giet troch mei aktiviteiten om de titel te behâlden en fuort te sterkjen. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt sykje mei de foarsitter fan de wurkgroep fia ús Klantkontaktsintrum, 058 – 292 59 25 of mail nei provinsje@fryslan.frl.