De beslútfoarming oer ekstern saldearje mei feehâlderijen en it ferleasen fan stikstofromte is yn Fryslân oant desimber 2020 útsteld. Deputearre Steaten wolle earst de behanneling fan de Stikstofwet yn de Twadde Keamer (des. 2020) ôfwachtsje. Dêrneist wol de provinsje ek better sicht hawwe op in oplossing fan it Ryk foar de saneamde PAS-melders. Ek moat it Regionale Stikstof Registratie Systeem wurkje.

Behanneling fan de Stikstofwet yn de Twadde Keamer liedt mooglik noch ta oanpassings fan de wet. Effekten dêrfan, op bygelyks beliedsregels foar it yn- en ekstern saldearjen, binne op it stuit net te oersjen. Ek moat earst it Regionale Stikstof Registratie Systeem wurkje, fine Deputearre Steaten. Dat is nedich om de administraasje fan de stikstofromte slutend te meitsjen. Dêrneist hawwe Provinsjale Steaten it bestjoer fan Fryslân oproppen om ‘alles yn it wurk te stellen om foar te kommen dat der net-winske hannel mei stikstofromte ûntstiet’. Dat mei-inoar hat ta útstel fan it beslút oer it ekstern saldearjen mei feehâlderijen en ferleasen fan stikstofromte nei desimber 2020 laat. Dêrmei wol Fryslân gryp op stikstofhannel hâlde.

It útstel betsjut dat it yn Fryslân yn alle gefallen oant en mei desimber net mooglik is om tydlik of permanint stikstofromte fan in boer te keapjen (ferleasen/ekstern te saldearjen). Projekten dy’t stikstof útstjitte en sels gjin of net genôch stikstofromte hawwe, kinne dêrtroch net fergund wurde. It is foar bedriuwen út provinsjes dêr’t ekstern saldearjen mei feehâlderijen iepensteld is, lykwols wol mooglik om stikstofromte fan in boer yn Fryslân te keapjen.

Fryske oanpak

Fryslân wurket oan in stikstofoanpak mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en mei-oerheden. De Fryske stikstofoanpak is in gebietsrjochte oanpak. Maatregels moatte liede ta in ferbettering fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje