De tariedings foar de iepenstelling fan de regeling Frysk foar no en letter 2024 binne op dit stuit yn folle gong. De earder kommunisearre datum 18 maart 2024 blykt spitigernôch net helber. Sadree ‘t de nije datum bekend is (we koerse op april ), lêze jo dit op dizze webside. Wy publisearje dan ek de betingsten fan de regeling. Foar it oanfreegjen fan subsydzje is in projektplan nedich. Om dy mei it projektplan op wei te helpen, is in Helpmiddel beskikber. 

Alle skoallen yn Fryslân kinne yn 2023 wer in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne subsydzje oanfreegje: lokaasjes foar berne-opfang, primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis.

De iepenstelling (eksterne keppeling)fan de subsydzjeregeling(eksterne keppeling) is fan 20 febrewaris oant en mei 1 oktober 2023. In skoalle kin twa kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade. 

It maksimale subsydzjebedrach de oanfraach ferskilt de sektor en is op de neikommende wize ferdield:

De oanfraach:

  • Foarskoalske sektor maksimaal € 5.000
  • Primêr, spesjaal en fuortset ûnderwiis maksimaal € 15.000
  • Mbû, hbû en wû maksimaal € 20.000

Wêr kin ik subsydzje foar oanfreegje?

1. Skoalling of neiskoalling

Mei it folgjen fan in kursus of it dwaan fan in oplieding kinne leararen, ûnderwiisstipers en pedagogysk meiwurkers harren eigen kennis oer it Frysk en/of meartalige didaktyk útwreidzje en sa ek de posysje fan de Fryske taal en kultuer fuortsterkje op de eigen skoalle/lokaasje. Der kin ûnder oare subsydzje oanfrege wurde foar it folgjen fan in kursus Frysk, it beheljen fan it Foech Frysk foar it basisûnderwiis of it dwaan fan in oplieding ta dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis of middelber beropsûnderwiis. De skoalle/lokaasje kin der foar meardere wurknimmers oanfrege wurde. De kosten foar in oplieding en/of neiskoalling wurde folslein subsidiearre. It heljen fan in sertifikaat of diploma is in betingst foar it takennen fan de subsydzje.

2. Les- en lêsmateriaal

Goed les- en lêsmateriaal is wichtich foar it oanbieden fan goed Frysk ûnderwiis.  Neist lesmateriaal en lêsboeken kin ek tocht wurde oan faktydskriften en oar materiaal wêrmei’t it ûnderwiispersoniel syn kennis oer de Fryske taal en kultuer ferbetterje kin. Ek materiaal foar it oanbieden fan meartalich ûnderwiis (ynkl. de Fryske taal en kultuer) komt yn oanmerking foar subsydzje. De kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal wurde foar 100% subsidiearre.

3. Kultueredukaasje

Der binne ferskate mooglikheden om learlingen yn de kunde komme te litten mei de Fryske taal en kultuer. De berne-opfang, skoalle of ûnderwiisynstelling kin in oanfraach dwaan foar in kulturele aktiviteit yn groepsferbân yn of bûten de skoalle. Under kultueredukaasje falt ûnder oare in besite oan it teäter of museum. Mar tink ek oan bygelyks film, muzyk of literatuer. Aktiviteiten op it mêd fan erfgoed, histoarje of natuer binne ek mooglik as der in dúdlike ferbining is mei de Fryske taal en kultuer. De kosten foar kultueredukaasje wurde foar 100% subsidiearre. Foar reiskosten ûntfangt in skoalle 50% subsydzje út de regeling Frysk foar no en letter.

4. Ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten

Ekstra omtinken foar it (fak) Frysk freget ek ekstra ynset fan meiwurkers, learkrêften en dosinten. Dêrom jout de regeling ek romte foar it ferfangen en/of frijroasterjen fan personiel. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar it ferfangen fan in learaar dy’t in oplieding folget mar ek foar in meiwurker (of learkrêft/dosint) dy’t wurket oan ekstra aktiviteiten foar de Fryske taal en kultuer. Bygelyks foar it meitsjen fan in taalbeliedsplan, it bywenjen fan kongressen, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar lêsbefoardering of it netwurkjen mei oare skoallen.

Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op de webside(eksterne keppeling).

Hoe kin ik subsydze oanfreegje?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it beskikbere oanfraachformulier. It is wichtich it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken derby te dwaan.

Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo neikommende stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Print it formulier út
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken dy’t frege wurde ek útprinte wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken mei de post op nei de provinsje.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt mei it Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.