Friezen fine kultuer wichtich
In muzykfoarstelling bywenje, films sjen, kultuer snuve yn stêd of doarp: Friezen binne aktyf en ynteressearre yn kultuer. Dat docht bliken út in ûndersyk dat ein 2022 hâlden is om ynsjoch te krijen yn kultuerpartisipaasje yn Fryslân. Om te witten te kommen of en hoe faak ynwenners fan Fryslân oan kulturele aktiviteiten meidogge, is ûnder 30.000 húshâldens in fragelist ferspraat. Hast 2.800 Friezen fan 18 jier en âlder hawwe de enkête ynfolle. Fan de minsken dy’t oan ‘e enkête meidien hawwe hat 89% oanjûn kultuer wichtich te finen.