Formaasje - op wei nei in koälysje
Op woansdei 15 maart 2023 wiene der ferkiezings foar Provinsjale Steaten. Koart dêrnei sette in ferkenning útein nei in nije provinsjale koälysje. Op freed 31 maart waard bekend dat fjouwer partijen mei-inoar in koälysje foarmje wolle: BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie. Provinsjale Steaten holden woansdei 5 april in debat oer de ferkiezings en de ferkenning.
De faze dy't dêrnei ynset is hjit de formaasje. De partijen sille mei-inoar yn petear oer de ynhâld fan in koälysje-akkoart (of bestjoersakkoart) op haadlinen. Se litte harren dêryn bystean troch in formateur. Sjoch dêrfoar dit parseberjocht.
Berjochten foar formateur Oebele Brouwer kinne jo stjoere nei formateur@fryslan.frl