It hjoeddeiske guozzebelied yn Fryslân is oan fernijing ta. Deputearre Steaten advisearje Provinsjale Steaten om te kiezen foar it senario 'Gans in balans'. It doel fan dit senario is om balâns te krijen. Tusken oan ‘e iene kant de skea dy’t guozzen alle jierren feroarsaakje oan greiden sa folle as mooglik te beheinen en te bestriden en oan ‘e oare kant it beskermjen fan guozzen.

It kolleezje wol aktyf oan ’e slach mei it ferminderjen fan skea oan gers. Yntusken leit der ek in grutte opjefte as it giet om it beskermjen fan guozzen en greidefûgels. Mei it senario ‘Gans in balans’ wol it kolleezje de Faunabeheereenheid (FBE) en oanbelangjende gebietspartijen mear rezjy jaan om sels foar elk gebiet ta in oanpak te kommen. En romte biede om fia pilots en mei stipe fan in guozzekoördinator by de FBE, te ûndersykjen hokker wurkwize goed helpt om gersskea foar te kommen. Dêrmei kinne de partijen ek de effekten fan sa’n gebietsoanpak yn byld bringe. Bygelyks as it giet om it gedrach fan guozzen: oft se earder fuortgeane nei briedgebieten of op oare tiden om iten sykje. Mar ek it effekt dat ferjeien fan guozzen op greidefûgels hat.

Nij binnen dit senario is dat der ek yn oktober foerazjeargebiet (wêr't guozzen ite) komt. Dêr't boeren op oanfraach in temjittekomming yn skea krije kinne. De fretskea troch trekguozzen, lykas de paugoes en kolgoes, en harren oantallen binne frij stabyl de lêste jierren. Mar de skea fan  guozzen dy’t it hiele jier troch hjir binne, benammen de skiere goes, nimt krekt ta. Yn ferliking mei it hjoeddeistige belied wurdt de skea troch dy guozzen dêrom steviger oanpakt.  

Hegere kosten

De kosten foar de kompensaasje fan gersskea rinne noch hieltyd op. Dat komt troch hegere prizen foar ferfangend foer foar fee. Deputearre Matthijs de Vries: “It bedrach dat alle jierren útkeard wurdt as temjittekomming yn de skea dy't guozzen feroarsaakje is de ôfrûne jierren bot omheech gien: fan in bedrach fan 8,5 miljoen euro yn 2018 nei 12,6 miljoen yn 2023. Wy sille dêroer mei it Ryk yn petear.”

Advys  

Der wie in rezjygroep mei fertsjintwurdigers fan lânbou- en natuerpartijen, dy’t de provinsje advisearre oer it nije belied. “Wy achtsje de advizen en ynsichten fan de oanbelangjende partijen fan grut belang. De rezjygroep, klankboerdgroep en de Provinciale Commissie Landelijk Gebied hawwe ús advisearre en sa binne wy ta trije senario’s kaam. Wy advisearje de Steaten om te kiezen foar it senario 'Gans in balans'. Dat leit tichteby it advys fan de rezjygroep en is juridysk helber en goed te ferantwurdzjen as it giet om it heljen fan de needsaaklike doelen en de kosten dy’t dat mei him meibringt", jout deputearre De Vries oan.  

Provinsjale Steaten nimme op 20 maart in beslút oer it nije guozzebelied. It giet om haadlinen en ramten, dy't DS dêrnei fierder útwurket. It kolleezje leit njonken senario ‘Gans in balans’ noch twa oare senario’s foar: it folsleine advys fan de rezjygroep en in senario dat him basearret op de basisbetingsten dy’t PS oan it belied stelt. It senario Gans yn balâns sil likernôch 1,1 miljoen euro yn ’t jier ekstra kostje ferlike mei it hjoeddeistige belied.