Fergunning foar behear deimen yn gebiet om Ketlik en Oranjewâld hinne

De provinsje Fryslân jout de Faunabeheereenheid Fryslân in fergunning om de groei fan de populaasje deimen yn it gebiet Ketlik, Mildaam, Oranjewâld en omjouwing te beheinen. Dit is nedich om yn de takomst it tal oanridingen en gefaarlike situaasjes op de dyk te ferminderjen. De Faunabehearienheid mei de populaasje deimen troch ôfskot beheare. 

Groeiende populaasje en gefaarlike situaasjes 

De ôfrûne jierren is it tal deimen yn it gebiet by Ketlik en Oranjewâld flink groeid. Nei skatting rinne der no sa'n 950 bisten. Dit soarget foar gefaar op de dyk, omdat de bisten faak ûnferwachts oerstekke, wat geregeld liedt ta oanridings. De ôfrûne jierren binne ferskate oare maatregels troffen om gefaarlike situaasjes en oerlêst op de dyk te beheinen. Bygelyks it pleatsen fan dynamyske warskôgingsbuorden en in snelheidsbeheining. Dat hat it probleem net genôch oplost. De groep deimen groeit hurd en de provinsje wol ûngelokken op de dyk safolle mooglik foarkomme. Dêrom wurdt no begûn mei it behear fan de populaasje, sadat letter gjin grutskaliger yngrepen nedich binne. 

Ek skea oan natuer en gewaaksen 

Njonken ferkearsgefaar bringe de deimen ek skea ta oan de natuer en lânbou. Se ite fan jonge beammen, struken en lânbougewaaksen, en ek fan tunen fan omwenners. De fergunning wurdt ôfjûn yn it ramt fan ferkearsfeiligens, mar mooglik liedt dat ek ta ôfname fan dizze skea. 

Ofskot fan sike en ferwûne bisten yn hiel Fryslân 

Njonken behear fan de populaasje deimen yn it gebiet by Ketlik en Oranjewâld, krijt de Faunabeheereenheid ek tastimming foar ôfskot fan sike of ferwûne deimen om ûnnedich lijen foar te kommen. Dat jildt foar hiel Fryslân. 

Fergunning ynsjen en beswier 

De fergunning is op ferskate wizen yn te sjen: 

  • Fia www.overheid.nl (saaknûmer 282266). 
  • Op it provinsjehûs. Dat kin op wurkdagen tusken 9.00 en 16.00 oere. Nim yn it foar kontakt op fia provincie@fryslan.frl of 058 292 5925 om in ôfspraak te meitsjen. 
  • Oer de mail ûntfange. Mail of belje dan nei de Frontoffice Wet natuurbescherming fia wnb@fryslan.frl of 058 292 8995. 

De fergunning giet 4 wike nei bekendmakking yn wurking. Oant en mei 6 wiken nei de bekendmakking kinne belanghawwenden in motivearre beswierskrift yntsjinje by Deputearre Steaten. Dêryn moat stean: namme en adres, de deitekening, in omskriuwing fan it beslút dêr't it beswier tsjin rjochte is en de reden fan it beswier. 
Postadres: Deputearre Steaten, Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert.