Dizze wike krije de petearen oer de stikstofproblematyk mei de belanghawwende sektoaren yn Fryslân in ferfolch. Fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer, bou, transport en bedriuwslibben sille tegearre yn petear oer hoe it proses foar koarte- en langetermynoplossingen derút sjen moat.

“It earste petear mei de belanghawwende sektoaren ha wy as tige iepen ûnderfûn. Der binne in protte ideeën op tafel kaam, mar der binne ek tûkelteammen beneamd. Wy binne te sprekken oer de konstruktive hâlding fan de partijen. Sy wolle ek mei elkoar in petear en binne ree mei inoar de skouders ûnder de Fryske oanpak te setten,” neffens deputearre Kramer.

Oerienkommende winsken

Ofsûnderlik fan elkoar lieten de sektoaren witte dat der ferlet is oan feiten en sifers. Yn it ferfolchproses moat neffens harren de fokus op langertermynoplossingen lizze; yn it algemien, mar ek rjochte op de gebieten. Noch dizze wike besprekt de provinsje mei har hoe dit foarm jûn wurde kin.

Foar de koarte termyn is it wichtich dat de provinsje beslút oer de nije beliedsregels. Ek dêr wol de provinsje (dêr wêr it kin) de ynbring fan de sektoaren by belûke. It is trouwens noch hieltyd net út te sluten dat it Ryk fanút har foech ek yn tuskentiid besluten nimt.

Brede dialooch

De provinsje kundige de brede dialooch oan, nei it ynlûken fan de beliedsregels foar Wnb fergunningferliening op it ûnderdiel stikstof. Oanlieding hjirfoar wie de krityk út de lânbou en de oaren belanghawwende op de regels sels en it gemis oan belutsenheid by de oanpak fan de stikstofproblematyk. De provinsje luts harren dizze krityk oan. Der wurdt no gearwurke mei de belanghawwende sektoaren oan de Fryske Oanpak