Feestlike iepening busstasjon Snits
Mei wat lekkers foar ûnderweis winsken deputearre Avine Fokkens-Kelder, wethâlder Bauke Dam en regiodirekteur Milfred Hart woansdeitemoarn 24 maaie de earste reizgers op it busstasjon yn Snits in goede reis. It busstasjon en it omlizzende gebiet binne yn de ôfrûne moannen ûnder hannen naam. De wurksumheden binne fierhinne klear en dêrom koene de earste bussen fan it fernijde stasjon ôfreizgje.