Wannear fergunning oanfreegje?

In skip of in gearstal mei net oan de skipfeart dielnimme, as de lingte, de breedte, de hichte boppe wetter, de djipgong, de mooglikheid om te manoeuvrearjen of de faasje fan dat skip of dat gearstal net te ferienigjen binne mei de karakteristyk en mei de ôfmjittings fan de farwei en fan de keunstwurken.

Sjoch op ús farwegentabel hokker ôfmjittingen en oanfollende betingsten de farwei fan tapassing binne.

Jo kinne de farwegentabel hjir opfreegje. Graach yn it ûnderwerp neame dat it om de farwegentabel giet.

Hawwe jo dochs noch twifel oft jo wol of net in oanfraach foar in ûntheffing yntsjinje moatte, dan kinne jo jo fragen maile nei: scheepvaart@fryslan.frl

Fergunning bysûnder transport

De neiere omskriuwing fan wat in bysûnder transport is, kinne jo yn kêst 1.21 fan Binnenvaartpolitiereglement (Bpr) en Rijnvaartpolitiereglement (Rpr) fine. Foar de spesifike regels kinne jo kontakt mei scheepvaart@fryslan.frl opnimme.

Ûntheffing farre mei in skip boppe de mjitte

Skip boppe de mjitte: skip, dat heart ta in dêrta troch de foechhawwende autoriteit oanwiisde kategory fan skippen, dy’t yn har mooglikheid om te manoeuvrearjen beheind binne, trochdat sy as gefolch fan harren djipgong of harren lingte bûn binne oan in beskaat part fan de farwei;

Ûntheffing skippen boppe de mjitte allinne op provinsjale farwegen.

Oanfreegje

Fergunning bysûnder transport allinne op provinsjale farwegen.

Oanfreegje

Fergunning bysûnder transport as sprake is fan meardere farweibehearders:

Oanfreegje

Kosten

As in fergunningoanfraach yntsjinne wurdt by de provinsje, binne jo de provinsje fergoedingen skuldich. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it gebrûk fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.