Op dizze side fine jo de fragen dy’t it meast steld binne, yn relaasje ta stikstof, mei de antwurden dêrop. De fragen binne yn tema’s ûnderferdield. Under de tema’s sjogge jo de fragen en antwurden.

Fergunnings

Ik wol in natuerfergunning yn Fryslân oanfreegje. Wat no?

As jo in aktiviteit ûndernimme dy’t stikstofdeposysje feroarsaket op in Natuer 2000-gebiet, dan binne jo ferplichte te ûndersykjen oft de aktiviteit fergunningplichtich is op grûn fan de Wet natuurbescherming (Wnb). Mear ynformaasje dêroer kinne jo fine op:Stikstof fergunning 

Hoe lang moat ik wachtsje op myn natuerfergunning?

De grutte wurkfoarried soarget derfoar dat oanfragen op it stuit net daliks yn behanneling nommen wurde kinne. It ferskil yn wachttiid hat te krijen mei it grutte tal oanfragen en de spesjalistyske kennis dy’t dêr beskikber foar is.

Wat kin ik dwaan om te soargjen dat myn fergunningoanfraach sa gau mooglik behannele wurdt?

Om jo oanfraach sa gau mooglik yn behanneling te nimmen is it wichtich dat jo jo oanfraach folslein yntsjinje, mei alle gegevens en taheakken. Besjoch dêrneist oft jo feitlik fergunningplichtich binne, om net needsaaklike fergunningoanfragen (foar bygelyks yntern saldearje) foar te kommen. Mear ynformaasje oer stikstof fergunning kinne jo fine op Stikstof fergunning

Ekstern saldearje

Wat is ekstern saldearje?

Jo wolle as ûndernimmer jo bedriuw útwreidzje. Om in natuerfergunning te krijen, meie jo dan, nettsjinsteande dy útwreiding, yn totaal net mear stikstof útstjitte. As it net mooglik is om dat fia yntern saldearje te regeljen (binnen it bedriuw of projekt stikstofromte kreëarje troch bygelyks it tapassen fan ynnovative emisje-earme techniken), dan kinne jo dat oplosse troch bygelyks de emisjeromte op te keapjen fan in ûndernimmer dy’t (foar in part) ophâldt. Jo kinne de stikstofemisje fan it bedriuw oernimme en dêr oant 70% fan brûke. Jo losse it probleem bûten jo eigen bedriuw op: ekstern saldearje. As de folsleine stikstofdeposysje dêrtroch net grutter wurdt, dan kin in fergunning ferliend wurde. De oare 30% mei net ynset wurde foar ûntwikkelingen en draacht dêrmei by oan it ferleegjen fan de totale stikstofdelslach.

Mear ynformaasje oer ekstern saldearje kinne jo fine op de webside fan BIJ12

Bin ik ferplichte om ek de grûn en gebouwen oan te keapjen of te ferkeapjen by ekstern saldearje?

Nee, as freger of oanbieder fan stikstofromte binne jo net ferplichte grûn en fêstgoed mei te (fer)keapjen.

Is der by it oernimmen fan in bedriuw ek sprake fan ekstern saldearje en dêrmei fan it ôfrjemjen fan fergunde romte en biste- of fosfaatrjochten?

Nee, as in bedriuw troch immen oars kocht of oernommen wurdt, en it bedriuw wurdt op deselde manier trochset, dan is der gjin sprake fan ekstern saldearje en wurdt der ek net ôfrjemme. It bedriuw kin trochgean op basis fan de besteande fergunning. De nije eigener kin by de provinsje freegje om de namme op de natuerfergunning te wizigjen.

Yntern saldearje

Wat is yntern saldearje?

Jo hawwe gjin natuerfergunning nedich by it yntern saldearjen. As jo jo bedriuw útwreidzje wolle mei de stikstofdeposysje net tanimme. Jo kinne bygelyks techniken ynstallearje dy’t de emisje ferminderje en derfoar soargje dat de útstjit by útwreiding net tanimt. Dêrmei kreëarje jo yn jo bedriuw stikstofromte, dy’t jo dêrnei op ‘en nij ynsette foar de útwreiding fan jo bedriuw. Jo losse it yn jo eigen bedriuw op; yntern saldearje. Berekkenje oft de stikstofdeposysje net tanommen is troch de wizige aktiviteit kin fia de AERIUS Calculator. Wy advisearje jo om de berekkening, dêr’t út bliken docht dat jo stikstofdeposysje net tanimt, goed te bewarjen. Mear ynformaasje oer yntern saldearje kinne jo fine op dewebside van BIJ12

Wêrom is yntern saldearje fergunningfrij wurden?

Yn jannewaris 2021 hat de Ried fan Steat in útspraak dien dy’t gefolgen hat foar de fergunningferliening Wet natuurbescherming (Wnb). Projekten mei stikstofútstjit binnen besteande rjochten (yntern saldearje) binne net mear fergunningplichtich. It earder yn de beliedsregel opnommen ‘kêst 2.6 Yntern saldearje’ wurdt mei de wiziging fan de beliedsregel skrast en oanfragen wurde net mear oan dat kêst hifke. Mear ynformaasje dêroer kinne jo fine op: Stikstof fergunning

Rinnende oanfragen yntern saldearje

Oanfregers fan in fergunning foar yntern saldearje, dy’t noch yn behanneling by de provinsje Fryslân is, hawwe in brief krige mei mear ynformaasje oer it ynlûken fan de fergunning. Hawwe jo fragen oer it ynlûken fan jo oanfraach? Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Wet natuurbescherming fan de provinsje Fryslân. Dat kin troch te mailen nei wnb@fryslan.frl of te beljen nei 058 - 292 89 95.

Ferlease

Wat is ferlease?

Ferlease is in tydlike foarm fan ekstern saldearje, wêrby’t in natuerfergunning ôfjûn wurde kin foar in tydlike deposysje yn in beheinde, yn it foar ôfbeakene perioade. Dat is mooglik as de saldojouwende aktiviteit tydlik hielendal of foar in part bûten gebrûk steld wurdt. It giet om feitlik realisearre kapasiteit en de kapasiteit moat oantoanber bûten gebrûk steld wurde. Krekt as by ekstern saldearje wurdt der 30% fan de stikstofromte ôfrjemme, dy romte mei net ynset wurde foar ûntwikkelingen en draacht dêrmei by oan it ferleegjen fan de totale stikstofdelslach yn it foardiel fan de natuer. Lykwols, by it ferleasen kin de saldojouwer, op it stuit dat hy syn stikstofromte net mear ferleast, wer 100% sels brûke.

Wannear mei ik ferlease?

Ferlease is allinne mooglik foar in tydlike deposysje foar maksimaal 2 jier. Dêryn ûnderskiedt ferlease him fan regulier ekstern saldearje. By ferlease wurdt de natuertastimming fan de saldojouwer tydlik beheind yn it foardiel fan it tydlike projekt fan de saldoûntfanger. De natuerfergunning mei net earder yn gebrûk nommen wurde as nei’t de saldoûntfanger by it foechhawwend gesach meld hat dat de saldojouwende aktiviteit (tydlik) staakt is.

Foar wat foar soarten projekten is ferlease in alternatyf foar ekstern saldearje?

Foar bygelyks projekten mei it oanpassen fan diken dy’t oars fêstrinne. It giet dan te fier om ekstern te saldearjen foar in projekt dat mar inkelde moannen duorret. Foar dat soarte projekten is ferlease ideaal. Of foar bygelyks inisjatyfnimmers fan eveneminten (foar in perioade fan inkelde dagen) wurdt ferlease ek as oplossing oandroegen. Nei ôfrin fan de ferleaseperioade kriget de saldojouwer 100% fan syn rjochten werom.

By wa moat ik wêze foar it oanfreegjen fan in fergunning foar ferlease?

De inisjatyfnimmer (saldoûntfanger) moat by de provinsje syn/har (tydlike) natuerfergunning oanfreegje. De tydlike beheining fan de fergunning fan de saldojouwer moat, kombinearre mei de oanfraach foar de saldoûntfanger, by de provinsje of gemeente frege wurde.

Mei in saldojouwer ûnderskate kearen efterinoar kapasiteit ferlease?

Ja, dat kin. Nei ôfrin fan de ferleaseperioade kriget de saldojouwer 100% fan sy rjochten werom. By ferlease kin de saldojouwer op it stuit dat hy net mear ferleast wer 100% sels brûke of op ‘en nij ferlease.

Meie fergunde aktiviteiten dy’t staakt binne ynset wurde foar ferlease?

Ja, op it stuit dat fergunde aktiviteiten realisearre binne, mar net brûkt wurde. Bygelyks saldo fan in leechsteande stâl mei ynrjochting foar de húsfêsting fan de fergunde bisten mei ynset wurde foar ferlease.

Fraach en oanbod

Wat is de priis fan stikstofromte? Hoe wurdt de priis fêststeld?

In offisjele emisjehannel foar stikstof is der net. Dat betsjut lykwols net dat der gjin wearde oan takend wurde kin. De provinsje betellet op it stuit net foar stikstofromte. Wol wurde der, yn it ramt fan de lanlike opkeapregeling, bedriuwen frijwillich opkocht. De taksearre wearde fan it bedriuw is it bedrach dat derfoar betelle wurdt, sûnder ekstra wearde oan de stikstofromte ta te kennen. As der sprake is fan ekstern saldearje (foar útlis: sjoch antwurden op fragen oer ekstern saldearje) kin der wol in wearde oan stikstofromte takend wurde. Dy wearde is ôfhinklik fan fraach en oanbod en kin regionaal in soad ferskille.

Haw ik de provinsje nedich om stikstofromte te keapjen of oan te keapjen?

Nee, jo meie ek streekrjocht mei freegjende of biedende partijen fan stikstof saken dwaan.

Kin ik oankochte stikstofromte foar ûnderskate projekten brûke?

Ja dat kin, mits de saldojouwende aktiviteit fêst ferbûn is oan dy projekten. By it ynlûken fan de fergunning fan de saldojouwer, moat yn de ynlûkingsbeskikking dúdlik neamd wurde om hokker projekten en yn hokker ferdieling it giet.

Mei ik oankochte stikstofromte dy’t ik net (direkt) brûk letter noch ynsette of trochferkeapje?

Nee, dat kin op it stuit noch net. By it ynlûken fan de fergunning fan de saldojouwer, moat yn de ynlûkingsbeskikking dúdlik komme te stean oan wa’t it saldo tabedield wurdt. As de Stikstof Depositie Bank (SDB) beskikber is, dan kin stikstofromte registrearre wurde en yn parten útjûn wurde.

Kin ik ek in lyts bytsje stikstofromte oankeapje yn stee fan in hiel bedriuw?

Op it stuit kinne jo in part fan de stikstofromte op in bedriuw oerkeapje. As de Stikstof Depositie Bank (SDB) beskikber is, kin stikstofromte registrearre wurde en dêrút wei yn parten útjûn wurde.

Mei ik, as ik de stikstofromte fan myn bedriuw ferkeapje, dêr noch wol wenje, of in oare aktiviteit begjinne?

Ja, mits jo nije plannen oan jildende wet- en regeljouwing en de bepalingen yn it bestimmingsplan foldogge. Wy riede jo boppedat oan goed te ûndersykjen oft jo foar jo nije aktiviteit ek in Wnb-fergunning nedich hawwe. Yn dat gefal dogge jo der goed oan net alle stikstofromte te ferkeapjen, mar allinne in part yn te lûken, dat jo foar jo nije aktiviteit net sels stikstofromte opkeapje moatte.

Hoe kin ik as gemeente of projektûntwikkeler stikstofromte foar wenningbou krije?

Foar wenningbouprojekten moat in natuerfergunning oanfrege wurde op basis fan it Stikstofregistratiesysteem (SSRS). Ein maart 2020 hat it ministearje fan LNV dy regeling iepensteld. Dêrnei hat de provinsje alle Fryske gemeenten mei in brief ynformearre. Om gebrûk meitsje te kinnen fan de SSRS moat der in fergunning yn it ramt fan de Wet natuurbescherming (Wnb) of in ferklearring fan gjin betinkings ûnderdiel natuer yn in omjouwingsfergunning oanfrege wurde. Foar it oanfreegjen fan in Wnb-fergunning ferwize wy jo graach troch neiús websideYn it oanfraachformulier kinne jo oanjaan oft jo gebrûk winskje te meitsjen fan it SSRS. By de oanfraach moat yn alle gefallen in AERIUS-berekening tafoege wurde, dêr’t it tanimmen fan de deposysje fan it foarnommen projekt út bliken docht. Foar mear ynformaasje sjoch ek de website van BIJ12.

Natuerferbettering

Kin it net wat minder mei de natuerdoelen of it tal natuergebieten?

Nee. Alle leden fan de Europeeske Uny binne ferplichte de oanwiisde Natura 2000-gebieten te beskermjen. Allinne as natuerbeskermingsmaatregels net te heljen binne, wêrby’t dat net troch sleauwens fan de oerheid om it gebiet te beskermjen feroarsake wurde mei, binne wizigings fan natuerdoelen mooglik. Dat is net oan de oarder foar de Natura 2000-gebieten yn Fryslân.

Wat betsjut de PAS-útspraak foar boarne- en ferbettermaatregels?

Natuerferbettermaatregels en boarnemaatregels geane gewoan troch. Dy maatregels binne needsaaklik foar it behâld, it ferbetterjen en it foarkommen fan fierdere efterútgong fan de natuer. Sterker noch, de provinsje Fryslân siket nei ekstra boarnemaatregels yn de ferskate sektoaren omdat dy tige wichtich binne foar de natuer.

ADC-toets

Wat is in ADC-toets?

De ADC-toets is yn de systematyk fan de Habitatrjochtline de lêste stap dy’t trochrûn wurde kin foar tastimmingferliening. As út de passende beoardieling nei foaren kommen is dat signifikante negative effekten net (folslein) útsletten wurde kinne, dan kin de ADC-toets in lêste mooglikheid wêze.

Hoe en wannear kinst gebrûk meitsje fan in ADC-toets?

Projekten dy’t wol effekt hawwe op de natuer kinne, as se fan grut maatskiplik belang binne en der gjin alternativen binne, as lêste stap gebrûk meitsje fan de ADC-toets en de effekten kompensearje. ADC betsjut dat der:

A – Gjin alternativen binne; D – Der sprake is fan twingende (dwingende) redenen fan grut iepenbier belang en; C – De nedige kompensearjende (compenserende) maatregels nommen wurde om te garandearjen dat de hiele gearhing fan Natura 2000 bewarre bliuwt.

Pykbelêster

Wat is in pykbelêster stikstof?

In pykbelêster is in ûndernimming / aktiviteit wêrfan’t de stikstofdeposysje op in stikstofgefoelich Natura 2000-gebiet, foar safier’t dan binnen in straal fan 10 kilometer leit, yn it ôfrûne jier mear as 2 mol stikstof yn trochsneed de hektare it jier bedroech.

Hoe wit ik oft ik in pykbelêster stikstof bin?

Jo kinne dat neigean (litte) troch mei de AERIUS Calculator in berekkening te meitsjen fan de stikstofdeposysje fan jo bedriuw en dêrnei mei deAERIUS Aankoop Calculator te berekkenjen oft jo bedriuw binnen in straal fan 10 kilometer mear as 2 mol stikstof yn trochsneed de hektare it jier útstjit op stikstofgefoelich Natura 2000-gebiet. Mear ynformaasje.

Wêrom is keazen foar de 10 kilometer grins?

De 10 kilometer grins wurdt oanhâlden yn de opkeapregeling, dy’t troch it Ryk iepensteld is. It byld is dat binnen dy grins de yn dy regeling oanhâlden betingst fan 2 mol/ha/jier helle wurde kin. Foar de gebietsrjochte oanpak om de stikstofgefoelige  Natura 2000-gebieden hinne hantearret de provinsje Fryslân noch gjin grins. Dy sil op basis fan de opjeften en doelen yn en om de Natura 2000-gebieten fêststeld wurde. Dat sil maatwurk it gebiet wurde.

As ik in pykbelêster bin, bin ik dan ferplichte om mei te wurkjen oan ferkeap fan myn bedriuw?

Nee, it giet hjir om in regeling dêr’t inkeld en allinne op basis fan frijwillichheid oan dielnommen wurdt. Ek oanmelding is frijwillich en sûnder ferplichting ta ferkeap. Jo beslute sels oft jo yn ûnderhanneling mei de provinsje geane en oft jo oer de ferkeap oerienstimming berikke.

Wat ferstiet de provinsje ûnder in stikstofgefoelich Natura 2000-gebiet?

It giet dêrby om heksagoanen (hektaren yn seishoekefoarm) mei stikstofgefoelige habitats yn in Natura 2000-gebiet. By it meitsjen fan in berekkening yn de  AERIUS Calculator wurdt dúdlik hoefolle delslach as jo bedriuw op stikstofgefoelige heksagoanen feroarsaket.

Wêr kin ik mei fragen oer it oankeapjen fan myn bedriuw telâne?

Jo kinne mei fragen dêroer telâne by de ôfdieling Fêstgoed fan de provinsje Fryslân. Kontaktpersoan is dhr. Canisius Smit fia telefoannûmer: 058 – 292 87 48 en mailadres: c.smit@fryslan.frl.

Wêr kin ik telâne as bliken docht dat ik gjin pykbelêster bin, mar dochs graach ferkeapje wol?

Jo kinne mei fragen dêroer telâne by de ôfdieling Fêstgoed fan de provinsje Fryslân. Kontaktpersoan is dhr. Canisius Smit fia telefoannûmer: 058 – 292 87 48 en mailadres: c.smit@fryslan.frl.

Hoe wurdt de priis fan myn bedriuw fêststeld?

De provinsje docht jo in oanbod op basis fan de merkwearde fan de oan te keapjen feehâlderij. Foar de bepaling dêrfan lit sy in taksaasje útfiere. Op basis fan it útbrochte oanbod folgje ûnderhannelings mei de eigener oer de krekte ynhâld fan de te sluten oerienkomst.

Wat is der regele oer it werbestimmen fan de lokaasje?

Neffens de lanlike opkeapregeling soarget de provinsje dat de planologyske bestimming fan de fêstiging fan de feehâlderij sa wizige wurdt dat op dat plak net langer feehâlderij-aktiviteiten har beslach krije kinne. Foar safier’t dat oan de oarder is, sil de provinsje mei de gemeenten oer in werbestimming yn oerlis gean.

AERIUS

Wat is AERIUS?

AERIUS is it ynstrumint wêrmei’t delslach (deposysje) fan stikstof op Natura 2000-gebieten yn Nederlân berekkene, monitoare en registrearre wurdt. AERIUS bestiet út ferskate applikaasjes, elk bedoeld foar in spesifike brûkerstaak. AERIUS Calculator is de rekkenmasine fan AERIUS. Fia AERIUS Register wurde oanfragen foar it Stikstofregistratiesysteem (SSRS) ynboekt en ferwurke. AERIUS Monitor jout ynformaasje oer de hjoeddeistige en de te ferwachtsjen5 stikstofdeposysje yn de Natura 2000-gebieten. AERIUS Scenario en Connect binne ûntwikkele foar belied en romtlike plannen lykas bestimmingsplannen. Alle AERIUS produkten fine jo fia www.aerius.nl

Wêr fyn ik de AERIUS Calculator?

De AERIUS Calculator fine jowww.aerius.nl, of brûk de direkte link nei de  AERIUS Calculator

Is het gebrûk fan AERIUS Calculator ferplichte?

Ja dat is ferplichte foar it dwaan fan in stikstofberekkening yn it ramt fan in toets foar fergunningferliening oangeande stikstof en de Wet natuurbescherming. De fersy dy’t brûkt wurde moat is de fersy dy’t fia www.aerius.nl online beskikber is.

Stikstof Registraasje Systeem (SSRS)

Wat is it Stikstof Registraasje Systeem?

It Stikstof Registraasje Systeem (SSRS) is gjin ûnderdiel fan de Stikstofbank. It is in troch it Ryk ynsteld registraasjesysteem dêr’t stikstofromte yn fêstlein wurdt om wenningbou en 7 MIRT-projekten (grutte ynfrastrukturele projekten) moogljk te meitsjen. De folling fan it SSRS kaam yn earste ynstânsje út de 100km maatregel op sneldiken. Ek de foermaatregel dy’t net trochgien is hie it SSRS folje moatten. De Waarme Sanearing Bargehâlderij leveret ek stikstofromte dy’t yn SSRS opslein wurdt. Mooglik sille der noch mear maatregels troffen wurde foar folling; de Minister hat yn trochsneed 7,6 mol yn SSRS tasein. Mear ynformaasje hjiroer fine jo hjir.

Stikstofbank

Wat is de Stikstofbank?

De Stikstofbank is in administratyf systeem dêr’t stikstofromte dy’t frijmakke of frijfallen is yn  fêstlein wurdt, om dy letter wer útjaan te kinnen.

Besjoch dizze fideo foar in útlis of dit artikel foar mear ynformaasje.

Wat is stikstofromte?

Stikstofromte is stikstofemisje dy’t foar in ûntwikkeling of projekt op ’e nij brûkt wurde kin; dus net yn it foardiel fan natuer komt.

Wat is it doel fan de Stikstofbank?

Doel fan de Stikstofbank is om fergunnings te ferlienen oan projekten wêrfan’t de stikstofútstjit him yn lytse poarsjes ferspriedt oer in soad Natura 2000 gebieten (mikrodeposysje). Dêrneist kinne provinsjes der spesifike projekten mei realisearje mei maatskiplik relevante doelen. Mar dat kin allinnich as der foldwaande romte yn de bank oanwêzich is.

Wat is de Mikrodeposysjebank?

De Mikrodeposysjebank is ûnderdiel fan de Stikstofbank. Ûnder mikrodeposysje ferstean wy projekten dêr’t net in soad romte foar nedich is, maksimaal 0,05 mol/ha/ it jier. It is lestich en kostber om as inisjatyfnimmer sels fergunningromte te organisearjen. Romte út de Stikstofbank biedt hjir mooglik in oplossing foar. Yn prinsipe kinne alle projekten yn Nederlân dy’t romte nedich hawwe troch dizze mikrodeposysjebank holpen wurde. It makket net út oft dit publike of private inisjativen binne.

Wat is in Doelebank?

De Doelebank is ûnderdiel fan de Stikstofbank. De Provinsje kin Doelebanken ynstelle foar spesifike doelen lykas doelen mei in grut maatskiplik belang, Fryslân hat dat noch net dien. Dy spesifike doelen kinne wenningbouprojekten wêze mar ek yndustry of oare ûntwikkelings. De doelebank is om samar te sizzen in sparpot foar de realisaasje fan it keazen doel.

Wurdt de romte út de Stikstofbank lanlik ferdield tusken de tolve provinsjes?

De romte foar de mikrodeposysjebank kin oeral ynset wurde foar projekten dêr’t it tanimmen fan stikstof tige lyts by is. De romte kin allinnich dêr ynset wurde wêr’t dy romte beskikber is neffens berekkenings mei AERIUS.

Komt frijfallende romte ek te’n goede oan de natuer?

Nee, de frijfallende romte komt net te’n goede oan de natuer.

Wurdt romte út de Stikstofbank ek brûkt foar it oplossen fan PAS-meldings?

Nee, de PAS-meldings wurde oplost út spesifyk dêrfoar bestimde boarnemaatregels wei.

PAS-melding

Wat is in PAS-melder?

PAS stiet foar it Programma Aanpak Stikstof. It PAS bea romte om fergunnings foar (bou)projekten yn de buert fan in Natura 2000-gebiet te ferlienen. PAS-melders binne inisjatyfnimmers dy’t foar de stikstofútspraak fan de Rie fan Steat yn oanmerking kamen foar in frijstelling fan de Natura 2000-fergunningplicht.

Is in PAS-melding noch jildich?

Nee, troch inuitspraak van de rechter is dy melding net mear jildich.

Wat bart der mei aktiviteiten dy’t ûnder it PAS frijsteld wiene fan de fergunningplicht?

Dy aktiviteiten binne dochs noch fergunningplichtich. Al dy fergunningfrije aktiviteiten binne doedestiids útfierd neffens de doe jildende wet- en regeljouwing. Dêrmei hawwe inisjatyfnimmers yn goetrou hannele. Om dy reden sil der gjin sprake wêze fan aktive hanthavening: nei fêststelling fan de beliedsline foar takomstige fergunningferliening sil foar dy aktiviteiten stribbe wurde nei legalisaasje. Projekten dy’t by spesifike meldings hearre, dy’t noch net realisearre binne, binne net mear sûnder fergunning út te fieren. Wat ûnder ‘noch net realisearre’ ferstien wurdt is yn de Keamerbrief van 13 novimber 2019 útlein.

Kin ik myn PAS-melding omsette nei in fergunning Wet natuurbescherming?

As in PAS melding noch net legalisearre is, kinne jo dy melding net as referinsjesituaasje foar in fergunningoanfraach brûke.