Op it webinar hawwe wy in soad fragen krigen. Om’t der net genôch tiid wie om alle fragen te beäntwurdzjen, is hjirûnder in oersjoch te finen fan ’e fragen dy’t it meast steld binne, mei dêrby dochs noch in antwurd. Tink om!: It Programma Aanpak Stikstof (PAS) hjit yn it Frysk: Programma Oanpak Stikstof (POS).

Wy falle net ûnder POS en ynterimmers en hiene oant 1994 in frijstelling dy't foel ûnder in feroardering yn it ramt fan ruilferkaveling. Stiet dat no gelyk oan POS of ynterrimmer?

Faaks falt dy frijstelling ûnder in feroardering dy’t oan te merken is as in tastimming (foar it hâlden fan bisten) yn ’e tiid fan ’e referinsjedata fan N2000-gebieten dêr't jo projekt stikstofdeposysje op feroarsaket. Yn dat gefal is de frijstelling ûnder de feroardering jo referinsjesitewaasje. Dat makket dat jo sitewaasje oars is as by in ynterimmer of POS-melder. Ynterimmers hawwe net in referinsjesitewaasje, om’t der gjin natuerfergunning is en/of in tastimming yn ’e tiid fan ’e referinsjedata. POS-melders hawwe meastal wol in referinsjesitewaasje, allinnich falt de útwreiding dy't dien is ûnder it POS faak bûten de referinsjesitewaasje.

Hoe is in seleksje makke út wa't ál en nét holpen wurdt?

Oan it legalisaasjeprogramma hingje legalisaasjekritearia/betingsten. Dy legalisaasjekritearia meitsje út oft in POS-melder al of net yn ’e beneaming komt foar legalisaasje. Wichtige kritearia binne bygelyks: Is de POS-melding yn ’e tiid fan it POS (2015-2019) terjochte dien, of foel de foarnommen wiziging yn ’e kategory molkfrij of fergunninglichting. En is de wiziging dêr't in POS-melding foar yntsjinne is ek wier realisearre. De eksakte kritearia en hoe’t dêr oan toetst wurdt, binne werom te lêzen yn it legalisaasjeprogramma sels: Legalisatieprogramma PAS-meldingen (rvo.nl)(eksterne keppeling)

De minister hat ûnderwilens oanjûn dat by stikstofemisje nei 500 meter ôfstân net mear neigien wurde kin wêr't dy krekt weikomt. Dan is der dus gjin probleem mear? De POS-melders sitte gauris al fierder fan ’e N2000-gebieten ôf.

Foar it berekkenjen fan stikstofdeposysje wurdt it wetlik ferplichte rekkenynstrumint AERIUS Calculator brûkt. Foarearst berekkenet AERIUS Calculator oant in maksimale ôfstân fan 25 kilometer. Nei ferwachting sil ein maart de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan ’e Ried fan Steat mei in útspraak komme oer de rekkenôfstân en gaadlikens fan AERIUS Calculator. Boppedat betsjut de útspraak fan ’e minister net dat der gjin stikstofdeposysje is op plakken fierder as 500 meter fan ’e boarne ôf. Legalisaasje fan POS-melders bliuwt needsaaklik en foarearst is AERIUS Calculator dêrby it rekkenynstrumint.

Oerisel wol POS-melders (tydlik) legalisearje foar it net bedongjen fan provinsjegrûnen. Binne yn Fryslân POS-melders te legalisearjen troch it nije bedongingsferbod op bufferstripen en mei de kommende ôfskaffing fan derogaasje (minder bedongje)?

De reduksjes troch de nije derogaasjebeskikking (it ôfskaffen fan derogaasje) binne spitigernôch net yn te setten foar it legalisearjen fan POS-melders. Dêr hawwe wy langer lyn as provinsje wol om frege by it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit (LNI/Ned.: LNV). It giet yn Oerisel oars, sa't jo ek yn jo fraach al oanjouwe, om in tydlike legalisaasje. Oan ’e ein fan it jier binne de POS-melders 'opnij' yllegaal. Boppedat is it ek noch mar de fraach oft dy tydlike oplossing stân hâlde sil foar in rjochter.

Kinst ekstern saldearje mei it oankeapjen fan in bedriuw dat noch op in âlde hinderwet melkt (dus sûnder NB-wet- of Wnb-fergunning)?

Ja, dat kin, as foldien wurdt oan ’e provinsjale beliedsregels oangeande ekstern saldearjen. Dêr stiet ûnder mear yn dat allinnich saldearre wurde kin mei feitlik realisearre kapasiteit. It is ek fan belang dat it saldojaande bedriuw noch yn wurking is of noch wêze kin, oant it momint fan it ynlûken of wizigjen fan ’e tastimming of it sluten fan in oerienkomst tusken de saldojouwer en ’e saldo-ûntfanger, sadat it feroarjen fan ’e aktiviteit mooglik wie sûnder dat dêrfoar in natuerfergunning of omjouwingsfergunning, ûnderdiel bouwen, foar it realisearjen fan in projekt fereaske is.

As ik sels stikstofromte keapje foar it legalisearjen, fergoedet de provinsje de kosten dan ek?

Mochten jo in konkrete mooglikheid fûn hawwe om sels stikstofrjochten oan te keapjen foar it legalisearjen fan jo POS-melding, dan fersykje wy jo om streekrjocht kontakt mei ús op te nimmen. Op dit stuit wurdt ûndersocht oft der in gaadlike regeling opset wurde kin, dy't net falt ûnder steatsstipe en wêrmei't it fersnellingsbudzjet brûkt wurde kin. De POS-melders dêr't in hanthaveningsfersyk tsjin yntsjinne is, wurde mei foarrang oppakt.

Meie technyske oplossings tapast wurde foar yntern saldearjen?

Troch de útspraken fan 7 septimber en 12 oktober 2022 is it tapassen fan emisje-earme systemen by fergunningferliening foar de Wet natuerbeskerming juridysk tige ûnwis wurden. De provinsje hat de tastimmingsferliening foar dy systemen útsteld, oant der mear dúdlikens is. Dat betsjut dat op dit stuit ek gjin positive wegerings ôfjûn wurde foar yntern saldearjen mei emisje-earme systemen. De minister ferwachtet mids 2023 in hantrikking jaan te kinnen foar it omgean mei emisje-earme systemen yn fergunningsoanfragen.

Binne de ynterimmers ek yn byld? Hoefolle binne dat? Hoe wurde dy legalisearre?

De POS bea de mooglikheid oan ynterimmers om foar harren sitewaasje in POS-melding yn te tsjinjen. Mei in POS-melding wiene sy op dat stuit – neffens de doedestiids jildende wet- en regeljouwing – legaal. Troch it ferfallen fan ’e POS hawwe ynterimmers no noch net in rjochtsjildige tastimming. As in ynterimmer in POS-melding yntsjinne hat en oanmeld is foar it legalisaasjeprogramma, kin in ynterimmer ek legalisearre wurde as POS-melder. Der is gjin konkreet byld hoefolle ynterimmers oft der binne yn ’e provinsje. Neist it legalisaasjeprogramma POS-melders bestiet ek gjin spesifyk legalisaasjeprogramma foar ynterimmers.

Ik haw in NB-fergunning út 1973. Is dat myn referinsje?

Nei alle gedachten bedoele jo dat jo in fergunning hawwe yn it ramt fan ’e Hinderwet. It kin wêze dat jo fergunning út 1973 jo referinsjesitewaasje is. Dat is sa, as neitiid gjin natuerfergunning ferliend is en op in lettere datum ek net in (miljeu)tastimming jûn is foar in beheindere sitewaasje. Sjoch foar mear ynformaasje oer it bepalen fan ’e referinsjesitewaasje ek de webside fan BIJ 12: Referentiesituatie - BIJ12(eksterne keppeling).

Hoe reëel is it dat POS-melders binnen 1,5 jier legalisearre wurde; jaget de addisjonaliteit net yn hast alle gefallen de boel yn ’e bulten?

It is yn 2021 en 2022 noch net slagge om yn Fryslân POS-melders te legalisearjen troch it legalisaasjeprogramma. Limboarch útsûndere, is lanlik noch gjin stikstofdeposysjeromte beskikber kommen. Dat betsjut dat de opjefte om alle POS-melders binnen it restearjende tiidsbestek (2023-2025) te legalisearjen grut is, en addisjonaliteit makket dat noch komplekser. In soad sil ôfhingje fan ’e útkomsten fan ’e saneamde natuerdoelanalyzes (NDA’s). Dy wurde neffens N2000-gebiet opsteld, wêrtroch't it op dit stuit dreech is om te sizzen wêr't de opjefte foar addisjonaliteit it grutst wêze sil.

Punt 7: Opkeap POS-melder as er legalisearre is. Hoefolle N-romte komt dan frij foar it legalisearjen fan oare POS-melders? Is dat de N-deposysje yn ’e POS-melding of de N-romte yn ’e oarspronklike fergunning?

Dat is bot ôfhinklik fan ’e sitewaasje dy't it oanbelangjende bedriuw fóár de POS hie. Mei de útstjit fan ’e (net-legalisearre) POS-melding kin net legalisearre wurde, mei de romte út ’e sitewaasje fan fóár de POS nei alle gedachten wol. Dat sil neffens gefal beoardiele wurde moatte en hinget ek op ’en nausten gear mei it sitewearjen fan it bedriuw (tichteby oare POS-melders en (stikstofgefoelige) N2000-gebieten).

Hoe wurdt it oplost as yn ’e neiste omjouwing net genôch stikstofromte fûn wurde kin en in part fan ’e deposysjeromte fuortfalt?

As stikstofdeposysjeromte tichtby fûn wurde kin, dan kin dy it meast effisjint brûkt wurde. Fanwegen de maksimale rekkengrins fan 25 kilometer yn ’e rekkenprogramma’s fan AERIUS moat de boarne/saldojouwer fan ’e stikstofdeposysjeromte binnen 25 kilometer lein wêze fan ’e POS-melder (de saldonimmer). Foarearst binne der gjin oare oplossingsrjochtings yn byld foar wannear't yn in straal fan 25 kilometer gjin stikstofdeposysjeromte fûn wurde kin.

Krije biologyske bedriuwen ek foarrang?

By it legalisearjen fan POS-melders krije bedriuwen mei in hanthaveningsfersyk foarrang. Dêrnei sil benammen de geografyske beskikberens fan stikstofdeposysjeromte beskiedend wêze foar de folchoarder fan hokker POS-melders legalisearre wurde.

As ik no ekstern saldearje troch it oankeapjen fan in bedriuw dat ophâldt, krij ik dan letter noch de stikstofromte fan it legalisaasjeprogramma?

As troch in POS-melder sels stikstofromte oankocht wurdt om syn sitewaasje te legalisearjen en dat wurdt fêstlein yn in Wnb-fergunning, dan is legalisaasje út it programma wei net mear nedich en falt de POS-melder bûten it legalisaasjeprogramma. Der kin tocht wurde oan regelings en ôfspraken wêrby't de POS-melder himsels legalisearret mei stikstofrjochten dy’t betelle wurde út eigen middels, wêrnei't de provinsje of it Ryk de kosten dy’t makke binne finansjeel fergoedet. Dêrby is it wol fan belang dat net praat wurde kin fan steatsstipe. Sa'n regeling is spitigernôch noch net beskikber. It is net mooglik dat dêrnei noch de stikstofdeposysjeromte út it legalisaasjeprogramma wei ûntfongen wurdt, want dan soe der latinte romte kreëarre wurde.

Kloppet it dat, mei de hjoeddeistige beheining fan it brûken fan emisje-earme stâlfuorjen, it yntern saldearjen fergunningsfrij is?

Yntern salderen is nét fergunningsfrij, as sprake is fan in emisje-earme stâlflier. Ut de útspraken fan 7 septimber (ECLI: NL: RVS; 20 22:25 57, ECLI: NL; RVS: 20 22:26 24 24 & ECLI: NL: RVS: 20 22:26 22) en 12 oktober 2022 (ECLI: NL: RVS: 20 22:28 74 ), hat bliken dien dat op basis fan objektive gegevens net útsletten wurde kin dat in stâlsume wiziging brûkt hat foar de gefolgen.

It gefolch fan dy útspraak is dat dy projekten fergunningplichtich wurden binne (ek as der sprake wie yntern saldearje ), en in passende beoardieling makke wurde moat.