Hjirûnder binne de meaststelde fragen oer dit ûnderwerp te finen. Hawwe jo dochs noch in fraach dy’t hjir net op ’t aljemint komt? Nim dan kontakt op fia energie@fryslan.frl

Ik wol wat dwaan mei enerzjycoaches, wêr moat ik begjinne?

As jo foar ’t earst mei enerzjycoaches wurkje wolle, is it goed om ’e folgjende fragen te beäntwurdzjen:

  • Wêrom wolle jo enerzjycoaches ynsette?
  • Wat hoopje jo te berikken mei de enerzjycoaches?
  • Wolle jo jo rjochtsje op in spesjale doelgroep (bgl. hierwenningen, keapwenningen, smelle beurs ensfh.)?
  • Wolle jo wurkje mei betelle of frijwillige coaches? Of in kombinaasje fan beide?
  • Hokfoar budzjet hawwe jo beskikber?

Yn ûndersteand oersjoch jouwe wy antwurd op dy fragen en helpe wy jo fierder op paad.

Wat kin ik sels dwaan?

In legere enerzjyrekken? Sa maklik!

Mei ienfâldige maatregels en ynvestearringen dy't harsels weromfertsjinje, besparje jo maklik enerzjy. En dat is better foar it klimaat. Wy jouwe jo in pear tips.

Wêr kin ik in enerzjycoach foar ynskeakelje en wat kostet dat?

De enerzjycoach is foar bewenners fan keap- en hierwenten. De enerzjycoach komt by jo thús en jout ûnôfhinklik advys oer jo elektra en gasferbrûk en mooglike lytse enerzjybesparjende maatregels. De enerzjycoach jout jo ek graach tips wêrby't jo al gau 10% op jo enerzjyferbrûk besparje kinne.

De besite fan de enerzjycoach wurdt per gemeente regele en is meastal fergees.

Hjir kinne jo fine wat der binnen jo gemeente regele is en hoe 't jo in ôfspraak mei in enerzjycoach meitsje kinne.

Wêrom soe ik in enerzjycoach ynsette?

Mei it ynsetten fan enerzjycoaches en -adviseurs kinne wy Friezen helpe by it finen fan oplossings om harren hûs te ferduorsumjen. Behalve it stimulearjen fan enerzjybesparring draachst soks by oan it kreëarjen fan bewustwurding en draachflak, it ferleegjen fan wenlêsten, mear wenkomfort en it ferminderjen fan ’e CO2-útstjit.

    Foar wa kin ik de enerzjycoach ynsette?

    De enerzjycoach kin ynset wurde foar bewenners fan keap- en hierwenningen.

    Hoe kin ik minsken opliede ta enerzjycoach?

    Om in enerzjycoach goed beslein op ’t iis komme te litten, is in goede oplieding fan grut belang. Der binne ûnderskate ynstânsjes dy’t opliedings oanbiede foar sawol betelle as frijwillige enerzjycoaches. De measte besteande opliedings foar enerzjycoaches foarsjogge yn technyske kennis. Njonken technyske kennis binne ek sosjale feardichheden essinsjeel, om by de minsken yn harren thússitewaasje te kommen. Begjinnende coaches hawwe oanjûn, dat sy it lestich fine om by de minsken efter de doar te kommen. De Stifting Provinsjaal Enerzjytransysje Bedriuw (PEB) is yn novimber 2020 oprjochte en spilet yn op ’e sinjalen út it netwurk wei. Sy foarsjocht yn in totaalpakket oan opliedings en begelieding fan enerzjycoaches en -adviseurs. Sûnt maart 2021 binne ferskate persoanen uteinset mei it opliedingstrajekt. De oplieding fan Stifting PEB bestiet út in miks fan (NLP) coachfeardichheden, peteartechniken en besparringskennis, finansiering en subsydzjemooglikheden. De meidoggers oefenen mei ûnderfiningssaakkundigen/treningsakteurs yn ûnderskate sitewaasjes en Klaas Hofman ferriket de oplieding mei praktykkennis. Behalve teory bestiet de oplieding út staazje en it begelaat opstarten fan eigen petearen en der binne ferskate weromkomdagen foar ynterfisy en ferdjipping.

    Stifting PEB arbeidet op mei ROC Friese Poort, Woonbond en Fryslânwerkt!. Fryslânwerkt! jout stipe oangeande it krijen fan en it begelieden nei betelle wurk ta.

    Njonken de oplieding en it begeliedingstrajekt fan Stifting PEB binne der yn it netwurk ûnderfinings mei:

    • Koperaasje Hoom | Hoom;
    • Duorsum Bouloket | Duorsum Bouloket;
    • Composytum, y.g.m. Hanzehegeskoalle en Klaas Hofman.

    Wa kin enerzjycoach wurde?

    Elkenien dy’t motivearre is, ree om in oplieding te folgjen en dêrnei as frijwilliger of betelle krêft oan ’e slach te gean. De funksje fan enerzjycoach is gaadlik foar elkenien dy’t him belutsen fielt by de meiminske, gedrachsferoarings, besparjen en it miljeu. De enerzjycoaches dy’t no warber binne, dogge dat út ûnderskate eftergrûnen en motivaasjes wei.

    Kies ik foar in betelle of in frijwillige enerzjycoach?

    Om dy kar meitsje te kinnen, is it wichtich om justjes mear ynsjoch te krijen yn ’e ferskillen. In betelle (foltiidsk) enerzjycoach kin meters meitsje yn wiken en yn doelgroepen dy’t keazen binne. Frijwillige coaches hawwe faak it fertrouwen út de omjouwing wei en kinne tsjinje as efterfang fan ’e enerzjykoperaasje. Yn ’e praktyk docht bliken, dat in kombinaasje fan beide ek goed wurket. De figuer hjirûnder jout in yndruk fan ’e ferskillen yn oantallen tusken frijwillige en betelle coaches. Opfallend binne de grutte ferskillen yn oantallen: 800 besiken yn ’t jier troch in betelle (foltiidsk) adviseur, foar 10 yn ’t jier troch in frijwilliger oer.

    Een grafiek die laat zien hoeveel gesprekken en huishoudens bezocht zijn door een coach

    Ut de figuer wurdt dúdlik, dat in soad frijwilligers nedich binne om itselde effekt te hawwen as 1 foltiidsk betelle enerzjycoach. In coachtrajekt dat ynset op sukses en op it doel rjochte feroaring, bestiet út ferskate petearen. In startpetear dêr’t it doel yn fêststeld wurdt, in ‘middenpetear’ om te sjen hoe’t it giet en om nije doelen te stellen en in einpetear dêr’t it resultaat dat behelle is yn nei foaren komt. Yn boppesteande tabel is dêrom njonken it tal petearen mei-inoar ek it tal húshâldens dat besocht is oanjûn. Dêr hawwe dan trije kontaktmominten west.

    Hoe kin ik it effekt fan enerzjycoaches mjitte?

    As jo doelen steld hawwe, is it goed om de fuortgong fan dy doelen te monitoaren. Ut ûndersyk troch Marjan Faber docht bliken dat monitoaring no by guon gemeenten net en by oare gemeenten op ferskate wizen dien wurdt. Utwikseling fan gegevens is faak net mooglik, gegevens reitsje wei en de regels oangeande AVG jouwe spannings. Dêrtroch is it effekt net goed te mjitten, kin der net leard wurde fan de foargeande koers en aksjes. It advys is om de monitoaring goed en AVG-proof te regeljen. In goede databank oangeande it duorsumer meitsjen fan wenningen is om meardere redenen wichtich. Ut it enerzjyteam wei wurkje wy oan in provinsjebreed monitoaringssysteem, dat troch alle leden te brûken is. Sa hoopje wy in goed, sintraal oersjoch te hâlden, dat foar elkenien gebrûksfreonlik en tagonklik is.

    Wat binne de ferskillen tusken enerzjycoaches en (maatwurk)adviseurs?

    Der binne trije ferskillende funksjes te ûnderskieden, nammentlik de enerzjycoach, de enerzjyadviseur en ’e maatwurkadviseur.

    3 plaatjes over de energiecoach, de energie adviseur en de maatwerk adviseur.

    In enerzjycoach ferskilt fan in (maatwurk)adviseur. De enerzjycoach rjochtet him op ’e gedrachsmjittige kant fan it enerzjyferbrûk fan ’e bewenner en syn wenning. De enerzjyadviseur hâldt him dwaande mei de technyske en boukundige kant fan ’e wenning, wêrtroch’t enerzjy besparre of opwekt wurde kin. Enerzjycoaching kin elkenien baat by hawwe (hierder & wenningeigener), enerzjyadvys hawwe wenningeigeners en wenningboukoperaasjes wat oan. De enerzjycoach en (maatwurk)adviseaur binne oanfoljend oan inoar. De enerzjycoach set it trajekt fan bewustwurden en it tapassen fan lytsere maatregels yn gong. Sadree’t dat trajekt klear is, kinne wenningeigeners mei help fan ’e ûnôfhinklike (maatwurk)adviseur ynsjoch krije yn ’e mear technyske ynstek fan it wurk en it eventueel sels opwekken fan enerzjy.

    Wêr kin ik in enerzjyadviseur foar ynskeakelje en wat kostet dat?

    De enerzjyadviseur is foar bewenners fan keapwenten. Wolle jo mear as allinnich lytse enerzjybesparjende maatregels, dan kinne jo in enerzjyadviseur ynskeakelje. De enerzjyadviseur jout jo in ûnôfhinklik maatwurkadvys foar jo wenning oer mooglike maatregels en kosten dy 't liede ta it enerzjysunich meitsjen fan jo wenning. It opstellen fan in advys kostet yn trochsneed € 300, -. In tal gemeenten stelle subsydzje beskikber foar it ynskeakeljen fan in ûnôfhinklike enerzjyadviseur.

    Hjir kinne jo fine of wat der binnen jo gemeente regele is oer ûnôfhinklike enerzjyadviseurs.

    Wat is de RRE-W regeling?

    De lanlike Regeling Reductie Energieverbruik Woningen (RRE-W) is beskikber steld oan gemeenten. Gemeenten kinne mei dat jild alle húshâldens (dus hierders en eigener-bewenners fan keapwenningen) stypje by it ferminderjen fan harren enerzjyferbrûk. De projekten moatte uterlik 31 july 2022 klear wêze.

    Wêr bestiet de RRE-W út en hoe kin dy de ynset fan de enerzjycoach fuortsterkje?

    De RRE-W regeling bestiet út fjouwer kategoryen (a t/m d), nammentlik:

    a. It oanbieden fan ienfâldige enerzjybesparjende maatregels dy’t de eigener-bewenner yn de wenning of de hierder yn de hierwenning oanbringe (litte) kin.

    • As stipe fan de enerzjycoach kin der in besparboks gearstald wurde mei ûnder oare LED-ferljochting, radiatorfoly, brievebusboarstels, strips om naden en kieren ticht te meitsje. Caparis hat ûnderfining mei it foljen fan sokke besparboksen.
    • De gearwurking mei bewennersferiening en wenningbouferiening wurdt socht oer: wat kinne en meie bewenners wol of net sels yn de wenning oan maatregels oanbringe (litte).

    b. It enerzjysunich ynregeljen of ynregelje litten fan ferwaarmings- of fentilaasjesystemen yn wennings.

    • De gearwurking mei lokaal bedriuwslibben, opliedingsynstânsjes en/of lokale enerzjycoaches wurdt socht om yn de wenning fan oanfregers/bewenners de ferwaarmings- en/of fentilaasjesystemen yn te regeljen. Tink dêrby oan it wettersidich ynregeljen fan de radiatoaren. It oanpassen fan de oanfiertemperatuer fan it CV-systeem. Dat kin troch vouchers oanbean wurde.
    • Fia de enerzjycoach kin in CV-dokter en/of enerzjyjager ynset wurde.

    c. It jaan of jaan litten fan in foar in spesifike wenning bedoeld advys oer enerzjybesparring oan in hierder of eigener-bewenner.

    • De gearwurking mei û.o. enerzjykoperaasjes, biblioteken, wenningkorporaasjes, hierdersferienings en itensbanken wurdt socht om enerzjycoaches/-adviseurs by de oanfregers lâns gean te litten, wêrby’t de enerzjycoaches de bewenners (hierders en eigeners) stypje kinne oangeande it tapassen fan kochte maatregels/ advys jaan oer te nimmen maatregels yn harren spesifike wenning.

    d. It jaan of jaan litten fan algemien advys oer enerzjybesparring oan hierders of eigener-bewenners.

    • Troch webinars, nijsbrieven en lokale aktiviteiten, mits passend yn de dan jildende maatregels foar it foarkommen fan de fersprieding fan it COVID-19 firus, wurde groepen bewenners foarljochte om de maatregels neamd ûnder a., b. en c. út te lizzen en te toanen. Yn bygelyks in spesifike mobile showroom kin de wurking fan bygelyks it wettersidich ynregeljen yn de wyk toand wurde en wurde groepen minsken entûsjast makke om de maatregels ek sels te nimmen. Dêrby is it fan belang dat sy de advizen oanrikt krije, dy’t fan tapassing binne op de eigen spesifike wenning fan de bewenners. De gemeente hâldt de frijheid en fleksibiliteit om de aktiviteiten oer algemien advys yn te setten op ûnderdielen dêr’t út de doelgroep wei ferlet fan is.
    • It ynsetten fan waarmtekamera’s fia adviseurs of enerzjykoperaasjes.
    • Gearwurking mei organisaasjes as Duurzaam Bouwloket, biblioteken, buertwaarmte, buertkrêft en oare maatskiplike organisaasjes.
    • It ynsetten fan troch it netwurk beskikber stelde kommunikaasjemiddels (wurdt oan wurke).

    Wat is de RRE-W plus regeling?

    Om de Fryske gemeenten te stimulearjen en te stypjen, stelt de provinsje Fryslân 770.000 euro subsydzje beskikber. Dat subsydzje is in oanfolling op de RRE-W. Lanlik is op syn meast 100 euro de wenning beskikber en gemeenten hawwe de regeling foar op syn minst 1.000 wenningen yn eigen gemeente oanfreegje kinnen. De provinsjale regeling biedt de gemeenten de mooglikheid om 50 euro ekstra de wenning te besteegjen mei in maksimum fan 55.000 euro. As gemeenten gjin bydrage út de RRE-W-regeling ûntfange, om’t it beskikber stelde budzjet op is, dan krije gemeenten fia it provinsjale subsydzje gjin 50 mar 100 euro de wenning.

    As gemeente, wenningkorporaasje, enerzjykoöperaasje of oare organisaasje wol ik wat dwaan mei enerzjycoaches, wêr moat ik begjinne?

    As jo foar it earst mei enerzjycoaches wurkje wolle, is it goed om de folgjende fragen te beäntwurdzjen:

    • Wêrom wolle jo enerzjycoaches ynsette?
    • Wat hoopje jo te berikken mei de enerzjycoaches?
    • Wolle jo jo rjochtsje op in spesjale doelgroep (bygelyks hierwenten, keapwenten, smelle beurs, ensfh. )?
    • Wolle jo wurkje mei betelle of frijwillige coaches? Of in kombinaasje fan beide?
    • Hokker budzjet hawwe jo beskikber?

    Mei de ynset fan enerzjycoaches en - adviseurs kinne we Friezen helpe by it finen fan oplossings om harren hûs te ferduorsumjen. Neist it stimulearjen fan enerzjybesparring draacht soks by oan it kreëarjen fan bewustwurding en draachflak, it ferleegjen fan wenlêsten, mear wenkomfort en it ferminderjen fan de CO 2 - útstjit.

    Wolle jo mear witte oer de mooglikheden, nim dan kontakt mei ús op fia energie@fryslan.fr

    Kies ik as gemeente, wenningkorporaasje, enerzjykoöperaasje foar in betelle of frijwillige enerzjycoach?

    Om dizze kar meitsje te kinnen, is it wichtich om wat mear byld te hawwen by de ferskillen. In betelle (fulltime) enerzjycoach kin meters meitsje yn wiken en binnen keazen doelgroepen. Frijwillige coaches hawwe faak it fertrouwen út de omjouwing wei en tsjinje kinnen as back-up fan de enerzjykoöperaasje. Yn de praktyk blykt in kombinaasje fan beide ek goed te wurkjen. De figuer hjirûnder jout in yndruk fan de ferskillen yn oantallen tusken frijwillige en betelle coaches. Opfallend binne de grutte ferskillen yn oantallen: 800 besiken yn it jier troch in betelle (fulltime) adviseur, tsjinoer 10 jiers troch in frijwilliger.

     

    Ut de figuer wurdt dúdlik dat der in soad frijwilligers nedich binne om itselde effekt te hawwen as 1 fulltime betelle enerzjycoach. In coach-trajekt dat ynset op sukses en op in doelrjochte feroaring, bestiet út meardere petearen. In startpetear dêr ’t it doel yn fêststeld wurdt, in ‘middenpetear’ om te sjen hoe ’t it giet en nije doelen te stellen en in einpetear dêr ’t it behelle resultaat yn nei foaren komt. Yn boppesteande tabel is dêrom neist it totaal tal petearen ek it tal besochte húshâldens oanjûn. Hjir hawwe dan trije kontaktmominten west.

    Wa binne wichtige spilers op it mêd fan enerzjycoaching?

    De folgjende partijen binne wichtich om mei gear te wurkjen:

    1. Duorsum Bouloket: giet oer it enerzjyloket fan gemeenten dy 't in sintrale rol spilet by it fasilitearjen fan de lâningspagina fan de regeling en aktiviteiten dy 't ûntjûn wurde en tagelyk ek de administrative en monitoringskant organisearret sadat bewenners optimaal ûntsoarget wurde yn harren klantreis en it oanfraachproses sûnder flekken ferrint.
    2. Stichting Provinsjaal Enerzjytransysje Bureau(PEB): set him yn foar it saakkundich oplieden en begelieden fan enerzjycoaches, enerzjyadviseurs en maatwurkadviseurs, dit alles yn en út de praktyk wei.
    3. Sosjale wurkplakken: yn de provinsje Fryslân binne trije sosjale wurkplakken oanwêzich: it NEF, Empatec en Caparis. Dy partijen hawwe mei-inoar Caparis oanwiisd as partner yn de ôfstimming en as koördinator yn de tarieding fan de útfiering fan de eventuele regeling wêrby 't de sosjale wurkplakken lokaal mei stypje by de foarmjouwing, it ynpakken en fersprieden fan de besparboksen mei ienfâldige enerzjybesparjende maatregels.
    4. Wenningkorporaasjes: foarsjoen yn de sosjale wenningbou (likernôch 30% fan alle Fryske wenten ). Dizze wenningen binne beskikber foar boargers, dy 't dêrfoar yn oanmerking komme sjoen harren ynkommen. Dizze groep bewenners hat in soad baat by enerzjycoaching, omdat fermindering yn enerzjy bydraacht oan mear te besteegjen ynkommen. De wenningboukorporaasjes jouwe oan dat sy ferantwurdlik binne foar it bieden fan húsfêsting dy 't foldocht oan de duorsumensnoarmen neffens de prestaasje-ôfspraken. De wenningboukorporaasje hat ferlet fan de enerzjycoach, omdat dy goed yn kontakt is mei de bewenner en helpt by goed gebrûk fan de wenning en it fergrutsjen fan wenkomfort. Dêrby soarget de enerzjycoach foar belutsenens en akseptaasje en meiwurking by ferduorsumingstrajekten, wykplannen en / of de enerzjytransysje.
    5. Hierdersferiening: de hierdersferiening hat in wichtige rol yn de kommunikaasje nei hierders.
    6. Enerzjykoöperaasjes: Enerzjykoöperaasjes ûntstean út de mienskip wei, steane der middenyn, hawwe harren teisters en drage by oan partisipaasje en belutsenens by de enerzjytransysje. Hja ferfolje de rol fan paadsljochter. Enerzjykoöperaasjes hawwe ferlet fan profesjonele stipe fan de frijwillige organisaasje. Yn de útfiering fan harren rollen as foarlûker, ferbiner en ûntwikkelder wolle se graach optimaal fasilitearre wurde om dy rollen sa goed mooglik te ferfoljen. De enerzjycoach draacht tige by oan de doelstellingen dy 't de enerzjykoöperaasjes beeagje; elkenien belûke en meidwaan litte yn de enerzjytransysje, elkenien helpe yn de mienskip en de leefberens fergrutsje. Der is in fraach nei sterke gearwurking en stipe yn kombinaasje mei lokale of digitale duorsume / enerzjy / bouloketten.
    7. Bewenners inisjativen: it is goed om lokale bewennersinisjativen te belûken by de kommunikaasje en eventueel ek de útfiering fan de râneW regeling.
    8. Biblioteken: De biblioteken yn Fryslân stypje ynwenners op ferskate mêden en kinne dat ek op it mêd fan besparjen. Te tinken falt oan kennis en ynformaasje útwikselje, sprekoeren en gearkomsten organisearje en enerzjycoaches fasilitearje. Yn Smellingerlân binne al de nedige ûnderfiningen op dat mêd.

    Wat binne de wichtichste resultaten fan it Enerzjyteam Fryslân?

    Yn maart 2020 binne wy fan start gien mei it opbouwen fan it fûnemint foar it netwurk rûnom de enerzjycoaches. Dat wie in útdaging om 't yn dy perioade it Covid-firus om him hinne sloech. Dochs is der digitaal yntusken ien, noch hieltyd groeiend, netwurk fan mear as 200 dielnimmers ûntstien. Dit netwurk bestiet yntusken út mear as 100 betelle en frijwillige enerzjycoaches en enerzjyadviseurs, en fierder út ûnder oare fertsjintwurdigers fan de Fryske gemeenten, wenningkorporaasjes, biblioteken, de hierdersferiening en enerzjykoöperaasjes.

    Kennis diele

    Fan septimber 2020 ôf wurde der alle moannen digitale netwurkgearkomsten organisearre dy 't ôfhinklik fan it ûnderwerp troch sa ’n 25 oant 50 minsken de gearkomste besocht wurde.

    Dy gearkomsten foarsjogge yn it ferlet fan de oansletten partijen om kennis te dielen en fan inoar te learen en spylje yn op de aktualiteit fan it momint. Op dizze wize kinne saken dy 't goed wurkje op in oar plak ynset wurde. Net elke oansletten partij hoecht it tsjil opnij út te finen en oan de hân fan de ûnderfiningen en winsken út it netwurk wei kinne bottom-up items yntegraal behannele wurde.

    Ynset en stipe Fryske gemeenten

    De ôfrûne perioade stie benammen yn it ramt fan de ymplemintaasje fan de enerzjycoaches by de gemeenten. De Fryske gemeenten hawwe in bydrage út de Regeling Reductie Energieverbruik Woningen (RREW) en de saneamde SPUK-middels fan it Ryk oanfreegje kinnen. Yn oanfolling op de RREW-regeling hawwe Deputearre Steaten begjin ferline jier de subsydzjeregeling Enerzjycoaches foar gemeenten yn Fryslân iepensteld. Gemeenten kinne mei dy jilden alle húshâldens (dus hierders en eigenaar-bewenners fan keapwenten) stypje by it redusearjen fan harren enerzjyferbrûk. Troch it organisearjen fan gearkomsten foar gemeenten wurdt kennis dield oangeande de ynset fan de middels en hoecht net elke gemeente it tsjil opnij út te finen. Dizze middels sille ek foar it grutste part bestege wurde oan de ynset fan enerzjycoaches en lytse besparjende maatregels.

    Stifting Provinsjaal Enerzjytransysje Bedriuw (PEB)

    Ut it netwurk wei hat bliken dien dat besteande opliedingen ta enerzjycoach net genôch taspitst binne op it hiele spektrum oan wurksumheden fan de coach. Yn novimber 2020 is Stichting Provinciaal Energietransitie Bedrijf (PEB) yn it libben roppen dy 't op basis fan de ûnderfiningen út it netwurk wei njonken de technyk ek de sosjale komponint meinimt yn harren opliedingen. De stichting soarget dêrneist foar de fierdere begelieding fan de coaches en wurket hjiryn gear mei Fryslân wurket, Frysk ûnderwiis, MKB en gemeenten.

    De stichting hat yntusken mear as 25 coaches oplaat, dy 't no foar it grutste part fia it trajekt fan Fryslân wurket in betelle baan by ferskate gemeenten fûn hawwe. Stichting PEB hat it oanbod yntusken útwreide en der hawwe ek trainingen foar frijwillige enerzjycoaches en in training CV-tuning plakfûn.

     Kommunikaasje

    De webside www.energieteamfryslan.frl(eksterne keppeling) is lansearre.

    Der is in kommunikaasjemiddelen-toolbox ûntwikkele en beskikber steld oan de ferskate partners binnen it netwurk. Dizze toolbox befettet saneamde ' white-label ' produkten lykas foto’s, in logo en flyers. De produkten wurde troch elke organisaasje mei harren eigen ‘ look and feel ’ ynset om bewenners te berikken en de coaches by de minsken thús te bringen.

    Fuortgongskontrôle

    Tegearre mei it Duorsum Bouloket (wêrby 't 16 fan de 18 Fryske gemeenten oansletten binne ), is troch in pilotprojekt in tool ûntwikkele dy 't sawol bewenners as coaches en adviseurs digitaal stypje kin by it duorsumer meitsjen fan de wenning. Dit wurdt op húsadres registrearre, wêrmei 't AVG-proof monitoard wurde kin. It ark kin troch de gemeenten oanskaft en ynset wurde.

    Enerzjyearmoede

    Oan de hân fan de ûnrêst by in soad ynwenners yn Fryslân omtrint de stigende enerzjyprizen is út it netwurk fan it Enerzjyteam wei in wurkgroep enerzjyearmoede start. De ûnrêst giet benammen oer de betelberens fan de enerzjyrekken, mar ûnderlizzend giet it benammen oer earmoedebelied en ynkommensefterstannen yn de regio Noard-Nederlân. Undersyk fan TNO ‘ Enerzjyearmoede en de enerzjytransysje ’ en it FSP ‘ Sicht op enerzjyearmoed essinsjeel foar ynklusive enerzjytransysje ’ toane oan dat de ynkommens hjir gemiddeld leger lizze as yn de rest fan Nederlân. De ynienen ekstreem oprûne enersjariven meitsje de al besteande earmoed yn Noard-Nederlân spitigernôch allinnich mar mear sichtber.

     It binne benammen de gemeenten dy 't hjirfoar ferantwurdlik binne en der sil oan meardere knoppen draaid wurde moatte foardat der in strukturele oplossing foar it probleem enerzjyearmoede is. It probleem kin ûnmooglik iensidich oplost wurde fanút de enerzjytransysje.

    It ûnderwerp is in oantal kearen op de aginda fan de moanlikse netwurkbyienkomsten pleatst en der is ferkend wat der op koarte - en middellange termyn dien wurde kin rûnom de stigende gasprizen en de tanimmende enerzjyearmoede yn Fryslân.

    Dit hat ûnder oare laat ta in masterclass enerzjyearmoede, dy 't yn gearwurking mei Platform31 yn april en maaie 2022 hâlden is foar gemeenten. De amtners sosjaal domein en enerzjytransysje hawwe yn dizze masterclass mei-inoar in plan fan oanpak enerzjyearmoede ûntwikkelje kinnen.

    Dêrneist is oansluting by de Fryske previnsje-oanpak socht troch it projekt ‘ Finansjeel fit Fryslân ’. Doel fan dit projekt is om te kommen ta in boppelokaal earmoedinetwurk. It ûntwikkeljen fan in yntegrale oanpak fan enerzjyearmoede is ien fan de spoaren wêrby 't fersnipeling yn oanpak foarkaam wurdt en de ferbining tusken earmoedebelied, ynkommenspolityk, wenbelied en enerzjytransysje ferbettere wurdt.

    Foar de oanpak fan enerzjyearmoede wurdt ynset op:

    • Data stjoerde oanpak

    Data-Fryslân, TNO, FSP en ferskate gemeenten ûndersykje mei-inoar wêr 't krekt de enerzjyearmoede is, sadat der rekken hâldend mei de privacy, maatwurk levere wurde kin foar hierders en ek wenningeigeners mei in smelle beurs.

    • Menukaart foar in yntegrale oanpak fan enerzjyearmoede ûntwikkelje

    Yn neifolging op it rapport fan TNO, hat CE Delft yn desimber 2021 ûndersyk dien nei beliedsynstruminten foar enerzjyearmoede yn de waarmtetransysje. De menukaart stelt de gemeenten en oare organisaasjes by steat om effektive maatregels te nimmen troch it ynsetten fan enerzjycoaches, in strukturele oanpak troch isolearjen en ynset waarmtepompen en ynkommensmaatregels / finansjele stipe.

    • Ynrjochtsje Enerzjybank Fryslân

    Yn oanfolling op it Enerzjyteam Fryslân wurdt in Enerzjybank Fryslân oprjochte. Ut de Enerzjybank wei wurde minsken dy 't lêst hawwe fan enerzjyearmoede en / of muoite mei it finansierjen fan besparjende maatregels holpen. De help bestiet út enerzjycoaching en it leverjen fan it nedige om de besparring te realisearjen. Ek begelieding yn it benutten fan (besteande) regelingen as oan grûn bûne finansieringen foar ferduorsuming fan eigen wenten, wytgoedregeling of de fersulverferliening kin plak fine út de Enerzjybank wei.

    • Fuortgongskontrôle

    Alle gemeenten oanslute op de Nederlands Schuldhulproute (NSR). De Nederlandse Schuldhulproute wurket gear mei gemeenten, bedriuwen en gearwurkingspartners oan ien sintrale skuldhelprûte. Dy rûte smyt ek in soad data op wêrtroch 't se dashboards oanbiede kinne. Ien fan de krekt troch harren ûntwikkele dashboards is dy fan enerzjyearmoede.

    Hokker tuskentiidske evaluaasjes en monitoaring fan it Enerzjyteam Fryslân binne beskikber?

    Fries Sociaal Planbureau

    Ein 2021 hat it Fries Sociaal Planbureau it Panel Fryslân befrege oer klimaatferoaring en (aspekten fan) de enerzjytransysje – 3278 panelleden follen dizze fragelist yn. Ien fan de befrege ûnderwerpen is it fenomeen enerzjycoaches. Binne de ynwenners fan Fryslân op de hichte fan it feit dat der yn in soad gemeenten enerzjycoaches aktyf binne? En hokker part fan de ynwenners hat sels gebrûk makke fan de tsjinsten fan de enerzjycoaches?

    De wichtichste befinings:

    • 45 persint fan de ynwenners fan Fryslân jout oan te witten dat der enerzjycoaches aktyf binne yn de provinsje.
    • Weningeigeners (47%) binne hjir faker fan op 'e hichte as hierders frije sektor (35%) en sosjale hierders (33% ).
    • 5,3 persint fan de wenningeigeners jout oan sels gebrûk makke te hawwen fan de tsjinsten fan de enerzjycoaches, tsjinoer 3,8 persint fan de sosjale hierders.
    • Fan dyjingen dy 't gebrûk makke hawwe fan de tsjinsten fan de enerzjycoaches, jout 58 prosint oan hjiroer (hiel) tefreden te wêzen (7 prosint (hiel) ûntefreden, 35 persint neutraal).
    • De ‘neutrale groep’ jout yn de taljochting benammen oan ‘it measte al te witten’ en / of ‘neat nijs heard te hawwen’.
    • Fan dyjingen dy't (noch) gjin gebrûk makke hawwe fan de tsjinsten fan de enerzjycoaches, seit 25 prosint hjir wól ynteresse yn te hawwen (en 75 persint dus net).
    • Hierders yn de frije sektor (32%) jouwe it faakst oan ynteresse te hawwen yn in besite fan in enerzjycoach, sosjale hierders (19%) it minst faak. Dêrtuskenyn binne de wenningeigeners (26%).