Plafond berikt! Ynisjatyfnimmers troch hiel Fryslân hawwe yn totaal 270 oanfragen yntsjinne. Hjirmei is der gjin romte mear foar nije oanfragen.

De provinsje Fryslân stelt jild beskikber foar lytse iensumens- en leefberensinisjativen. It jild is bedoeld foar lytse maatskiplike inisjativen yn Fryslân, dy’t de leefberens yn wyk, doarp of stêd, salang’t de koroanakrisis duorret, fergrutsje. Foarbylden fan lytse inisjativen binne it útdielen fan tulpen oan ynwenners of it meitsjen fan muzyk yn de tún fan fersoargingshuzen.

Der is op syn meast € 500,- it inisjatyf beskikber. De regeling is op 11 maaie 2021  troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fêststeld. Klik hjir(externe link) foar de tekst fan dy regeling.

Op tiisdei 25 maaie 2021 giet de regeling iepen. Jo kinne dan it oanfraachformulier ynfolje dat ûnderoan dizze side as pdf formulier stiet. It pleatsen fan in berjocht op Projekten yn byld is net itselde as in oanfraach yntsjinje. Tinke jo der om dat it oanfreechformulier maild wurde moat nei provincie@fryslan.frl en net nei in oar emailadres.

Tink derom: Aktiviteiten dy’t fóár 25 maaie 2021 útfierd wurde, komme net foar dizze subsydzje yn ‘e beneaming! Hâld der fierder rekken mei dat jo earst in berjocht fan de provinsje krije oft jo inisjatyf oan de betingsten fan de regeling foldocht, foardat jo oanspraak meitsje kinne op de € 500,- (op syn meast).