Hûseigeners kinne oanspraak meitsje op in oanfoljende subsydzje op isolaasjemaatregels as sy har wenning ferduorsumje. Provinsje Fryslân wol hjirmei de ynwenners fan Fryslân stimulearje om enerzjybesparjende isolaasjemaatregels te treffen neffens de Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing voor woningeigenaren (ISDE) jildende betingsten. De rintiid fan dizze Fryske oanfolling is oant en mei 31 desimber 2022, sa lang as der budzjet is.

Oanfraachproses

Jo tsjinje by de RVO in oanfraach yn op grûn fan de ISDE. Sagau RVO in posityf beslút nommen hat op jo oanfraach sil de RVO jo oer de e-mail benaderje oft jo yn oanmerking komme wolle foar de Fryske temjittekomming. Jo jouwe dêrnei tastimming oan de RVO foar it jaan fan de nedige ynformaasje oan provinsje Fryslân. De RVO betellet it ISDE-bedrach út oan de wenningeigener. As jo as oanfreger tastimming jûn hawwe, follet provinsje Fryslân dit bedrach foar de Fryske wenningeigeners oan mei 33% fan it troch de RVO ferstrekte subsydzjebedrach. As jo foar it nimmen fan isolearjende maatregels bygelyks 1500 euro ISDE-subsydzje krije fan de RVO, dan krije jo út Fryslân wei nochris 500 euro. Jo krije dus op twa ferskillende mominten in bedrach útkeard; fan de RVO en fan de provinsje Fryslân.

Oandachtspunten

  • Dizze oanfolling jildt allinnich foar isolaasjemaatregels!
  • De provinsje docht in oanfolling salang't der budzjet is. It beskikbere budzjet wurdt ferdield op folchoarder fan ûntfangst fan de oanfragen by de RVO.
  • Op isolaasjemaatregels dy't oanbrocht binne foar 1 jannewaris 2022 docht de provinsje in oanfolling fan 50%. Dit hat te krijen mei in taryfswiziging dy 't trochfierd is yn de ISDE.
  • Foar VvE’s bestiet de Subsydzje enerzjybesparring eigen hûs (SEEH) foar VvE. Ek VvE’s kinne oanspraak meitsje op in Fryske oanfolling. It subsydzjeplafond is lykwols sa goed as útput.

Foar mear ynformaasje oer de Fryske oanfolling kinne jo de Subsydzjeregeling Fryske plus enerzjybesparjende isolaasjemaatregels 2021 -2022  rieplachtsje.