Ekstern saldearje mei bedriuwen mei biste- of fosfaatrjochten is ek yn Fryslân mooglik. Dat hat it kolleezje fan Deputearre Steaten besletten. Dêrtroch kinne bedriuwen dy’t útwreidzje wolle bûten harren eigen bedriuw stikstofrjochten bemachtigje. Ek is it mooglik tydlik stikstofromte fan in oar bedriuw te brûken, it saneamde ‘ferleasen’.

Yn oktober stelde it kolleezje in beslút oer it ekstern saldearjen en ferleasen út. Deputearre Fokkinga: “Wy woene earst mear wissichheid foar PAS-melders en in wurkjend registraasjesysteem hawwe. By de behanneling fan de stikstofwet yn de Twadde Keamer die bliken dat de legalisaasje fan de PAS-melders garandearre wurdt. It stikstofregistraasje-systeem is op 5 desimber ll. yn it wurk set en der binne goede garânsjes foar it ekstern saldearjen fêststeld. Dêrtroch hawwe wy dit beslút no nimme kinnen.”

Om ekstern saldearje mei feehâlderijen en it ‘ferleasen’ mooglik te meitsjen wurde de beliedsregels yn- en ekstern saldearje oanpast. De oanpaste beliedsregels wurde op 19 desimber fan krêft. Bedriuwen sûnder biste- of fosfaatrjochten koene al sûnt 1 febrewaris dit jier fan ekstern saldearje gebrûk meitsje.

Ekstern saldearje en ‘ferlease’

Foar útwreiding fan in feehâlderijbedriuw, de oanlis fan in dyk of it úteinsetten fan in oare aktiviteit dy’t stikstof feroarsaket, is in natuerfergunning nedich. It folslein iepen stellen fan ekstern saldearje en it tastean fan ‘ferlease’ fergruttet de mooglikheden foar fergunningferliening en dêrmei ekonomyske ûntwikkeling. Bedriuwen kinne oant 70% fan de stikstofromte foargoed fan it bedriuw dat (foar in part) ophâldt oernimme. Dat betsjut dat der fan dat bedriuw 30% minder stikstof yn de natuer delslacht. Mei de nije beliedsregels is it ek mooglik tydlik stikstofromte fan in bedriuw te leasen. Dat kin in oplossing wêze foar it útfieren fan aktiviteiten dy’t tydlik stikstof útstjitte. Tink oan it oanlizzen fan in dyk of de bou fan wenten.

Garânsjes en registraasje

Benammen fan de kant fan de lânbousektor binne earder soargen utere oer de net winske gefolgen dy’t it ekstern saldearjen mei feehâlderijen en ferleasen mooglik hawwe. Dêrom binne der ôfspraken makke oer it soargjen foar garânsjes om mooglike net winske gefolgen foar te kommen. Sa freget de provinsje inisjatyfnimmers om it ekstern saldearjen te melden en monitoart de provinsje alle moannen. Der wurdt hanthavene op û.o. it yllegaal brûken fan lokaasjes nei it ekstern saldearjen. Ek stimulearret de provinsje it op ‘en nij ûntwikkeljen om leechstân en fertutearzing fan gebouwen en lokaasjes nei it ekstern saldearjen foar te kommen. It iepenstellen fan ekstern saldearje en ferlease is earst foar ien jier. Der wurdt evaluearre foardat besletten wurdt oer de fuortsetting.

Fryske oanpak

Fryslân wurket yn ‘e mande mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en mei-oerheden oan in stikstofoanpak. De Fryske stikstofoanpak is in gebietsrjochte oanpak. Maatregels moatte liede ta it ophelpen fan de Fryske natuer en in strukturele ferleging fan de stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.