Fan 4 oktober oant en mei 8 novimber 2021 sil in subsydzjeregeling úteinsette foar it restaurearjen en ynrjochtsjen fan it agrarysk kultuerlânskip, mei it each op in oanloklik lânskip, mear natoer en bioferskaat. De subsydzje is ornearre foar agraryske kollektiven, natoer en lânskipsorganisaasjes, dêr't boeren en partikulieren by oanheakje kinne. De subsydzje falt ûnder de maatregels fan it plattelânsuntjouwings-programma (POP). Mei inoar is hjirfoar €  3.120.000 beskikber.

Der binne 12 ûnderwerpen foar dizze subsydzje, tink dêrby oan: opheljen/ynrjochtsjen fan: boerehiemen, ekerrânen, beamwâlen, elzesingels, greppeltsjelân, krûderyk gerslân, histoaryske paden of diken. Tink derom: it ûnderhâld falt hjir net ûnder.

Van de aanleg van natuurvriendelijke oevers tot aan het herstel van agrarische historische erven; met het openstellen van deze regeling brengen we het ‘Ferhaal fan Fryslân’ goed voor het voetlicht en versterken we het Friese agrarische cultuurlandschap.” seit deputearre Fokkinga

Mei inoar wurkje oan in sûn en oanloklik lânskip

De provinsje ynfestearret út eigen budzjet en mei Europeeske middels, yn maatregels foar it restaurearjen fan it Fryske agraryske kultuerlânskip. Hja slút dêrby oan op de tematyske struktuerfyzje Grutsk op ‘e Romte. De provinsje wurket dêrby gear mei agraryske kollektiven en provinsjale lânskipsorganisaasjes. Dit is goed foar it kultuerlânskip, de natoer, in duorsume lânbou en de leefberens en oanloklikens fan it plattelân foar ynwenners en rekreanten. Op dizze wize wurket de provinsje mei harren gear oan de Fryske brede wolfeart.

De subsydzje is fan 4 oktober 2021 ôf oan te freegjen by it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). De tekst oer de subsydzjemooglikheden is te rieplachtsjen op: Plattelandontwikkelings-programma (POP) | Fryslan.

Ynspiraasje foar Frysk agrarysk kulteurlânskip stiet yn de structuurvisie Grutsk op ‘e Romte.

Ynformaasje oer agraryske kollektiven en provinsjale lânskipsorganisaasjes fine jo op: Kollektivenberied Fryslân (kbf.frl) en www.lbf.frl