It lânboukongres yn Easterwâlde dat juster úteinset is, giet hjoed fierder mei it Ingelsktalige programma ‘The Added Value of the Organic Farmer. Bioregions’. In soad ynternasjonale belangstellenden hawwe harren foar dizze dei oanmeld. Goed fyftich dielnimmers binne oanwêzich op it Ecomunitypark. Likernôch likefolle hawwe harren ynskreaun om it ynternasjonale kongres út ferskate lannen wei online te folgjen.

It programma is fan ‘e moarn troch de Fryske deputearre Klaas Fokkinga iepene. Dêrnei folgje trije sprekkers en in diskusje. Fan ‘e middei kinne de dielnimmers praktyske ûnderfining opdwaan by 20 ‘bodembeleef’sesjes en demonstraasjes op it terrein fan Ecostyle. Fan ‘e middei litte fiif saakkundigen harren ljocht oer de biologyske lânbou skine en is der ek gelegenheid foar de oanwêzigen om mei-inoar yn diskusje te gean. Ta beslút kinne de dielnimmers op paad foar ferskate bedriuwsbesiten yn it noarden fan Nederlân.

Organisaasje

Organisearjende partijen fan it lânboukongres binne, njonken it ministearje fan LNV en de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte, de leden fan it kearnteam fan de Soil Food Week: Avalon, Kenniscentrum Bodem en Symphony of Soils yn gearwurking mei it projekt Meerwaarde van de Bioboer. It folsleine programma stiet op www.toekomstbestendigboerennoordnederland.nl.