Tiisdei 5 july organisearren wy yn gearwurking mei LTO Noord in digitale ynformaasjegearkomste. Op dy gearkomste hawwe wy in taljochting jûn op it Utfieringsprogramma Stikstof Fryslân 2030. Ek hawwe wy besocht safolle mooglik fragen dy't der libje by de Fryske boeren te beäntwurdzjen. Fragen oer stikstof yn it algemien en de hjoeddeistige ûntwikkelings oangeande de reduksjedoelstellings út it Ryk wei yn it bysûnder.

Weromsjen

De hiele gearkomste kinne jo weromsjen en harkje fia YouTube(externe link).  

Fragen

Der binne yn de chat in hiel soad fragen steld. Wy wurkje no oan it beäntwurdzjen fan dy fragen en ferwachtsje dy mids july op dizze side te pleatsen.