Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert is de winner fan ’e LF2028-priis yn ’e regio Súdwest-Fryslân. Direkteur Pascal Arts krige de sjek fan 2028 euro út hannen fan deputearre Sander de Rouwe. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy’t út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wei yn oparbeidzjen mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF, kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. Alle jierren krije fyftjin projekten de priis. De Tiid krige earder dit jier IMF-subsydzje foar it tastânbringen fan in Mienskip-útstallingsromte yn it museum.

De Tiid

De Tiid is festige yn it âlde stedhûs fan Boalsert en is op 7 septimber l.l. offisjeel iepene troch kening Willem-Alexander. It sintrum jout ûnderdak oan in museum, argyf, gemeenteloket, bibleteek en in kafee. Besikers fan De Tiid kinne mear wêze as allinne taharker; elk dy’t it wol, kin it poadium brûke en sels ferteller wêze. De Mienskip-útstallingsromte slút dêr goed by oan en wurdt brûkt foar it fertellen fan ferhalen út ’e eigen mienskip, yn ’e foarm fan leechdrompelige en lytsskalige eksposysjes.

Deputearre De Rouwe: “De Tiid is in moai en unyk plak, dêr’t kultuer en histoarje byinoar komme. In weardefol en leechdrompelich plak, foar de hiele mienskip. Goed en terjochte, dat de oanmoedigingspriis nei de útstallingsromte giet. It is wichtich, dat ferhalen fan ’e mienskip ferteld wurde en bewarre bliuwe. Myn kompliminten foar de partijen dy’t mei-inoar oparbeide hawwe en dit allegear mooglik makke hawwe.”

Sjueryrapport

De sjuery hat it projekt út ’e regio Súdwest-Fryslân foar kar nommen, om’t de sjueryleden tige optein wiene oer it konsept mienskipútstallings. Dêrmei wurdt oan persoanlike ferhalen de wearde jûn dy’t se fertsjinje en wurde se breder buorkundich makke. De ferhalen binne in feest fan werkenning, mar jouwe ek in persoanlik byld fan ’e identiteit fan ’e mienskip yn Boalsert. Ut ’e projekten dy’t selektearre waarden fan ’e oare fjouwer regio’s, hat de sjuery allyksa in priiswinner keazen. Dy krije ek allegear in bedrach fan 2028 euro. Hokker projekten oft dat binne, is te lêzen yn it taheakke sjueryrapport. De sjuery bestiet út Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028), en Judith Baarsma fan Keunstwurk.

Deputearre Sander de Rouwe oerlanget de sjek fan 2028 euro oan Pascal Arts, direkteur/bestjoerder fan De Tiid.