Beamgaard De Wichterij is de winner fan de LF 2028-priis yn de regio Noardeast-Fryslân. Inisjatyfnimster Lotte Daalman krige de byhearrende sjek fan 2028 euro út hannen fan advyskommisjelid Han Westerhof. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy’t troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn gearwurking mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan dit subsydzje kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio.

De Wichterij

Beamgaard de Wichterij is in mikro-ûndernimming yn ‘e Harkema dy 't as doel hat om de kultuerhistoaryske wichterbeammen yn de regio yn eare te herstellen. Yn de beamgaard wurde de wichterbeammen en in bramenbosk oanplante. Ek wurde der blommemingsels siedde ta befoardering fan it bioferskaat. Der wurdt gearwurke mei ferskate regionale partijen, lykas lânskipsbehear Fryslân. Sy lizze de dykswâlen oan. De wichter is in sterke en eigenwize beam dy 't fan oarsprong út de Wâlden komt. Fan de risping wurde nije produkten ûntwikkele. Hjirfoar wurket De Wichterij gear mei Stichting Wrâldfrucht. Dizze stichting set him yn foar behâld fan âlde rassen en gewaaksen. Mei it streekmerk Wâldpyk stimulearje sy autentike produkten en tsjinsten út de Fryske Wâlden.

Sjuery

De sjuery priizget de alsidige opset fan it plan. Neist de kar foar in kultuerhistoaryske beam wurdt de kennis dêroer ferspraat fia in platfoarm. De beamgaard biedt romte oan in soad oare planten en ynsekten, mar ek is it foar frijwilligers mei in ôfstân ta de arbeidsmerk in plak om te groeien. De sjuery hopet dat De Wichterij sawol ûndergrûnsk as boppegrûnsk in soad fertakkingen yn de Wâlden krijt. Wy komme graach in kear priuwen.De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF 2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.