Dizze projektside wurdt net mear bywurke, sûnt de simmer fan 2021, omdat it projekt klear is.

Baard hat in nije brêge! In stielen flapbrêge mei de histoaryske foarmjouwing fan de orizjinele brêge út 1930.

Fia ûndersteande blauwe knop komme jo op de webside oer it wurk oan de brêge. Dy webside is net mear aktueel omdat it projekt klear is.

Brêge Baard

Ein 2020 hawwe Deputearre Steaten besletten dat brêge Baard yn ‘e maitiid fan 2022 oer giet op ôfstânsbetsjinning. De provinsje is dêr mei de ynwenners fan Baard oer yn petear. Mochten jo dêr fragen oer hawwe, dan kinne jo belje mei 058 – 292 59 25 of maile nei provinsje@fryslan.frl en freegje nei projektlieder Anne de Jager.

Mear ynformaasje?

Foar mear ynformaasje kinne jo belje mei 058 - 292 59 25 of mailen nei provincie@fryslan.frl