Beslutelist Deputearre Steaten 9 desimber 2025
1. Oanfoljende subsydzje foar busferfier yn Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat besletten om Qbuzz in oanfoljende subsydzje te ferlienen. It giet yn totaal om in subsydzje fan € 8,4 miljoen. It jild foar de subsydzje komt fan it Ryk (Bikkergelden). De subsydzje wurdt útkeard oan ferfierder Qbuzz. In part wurdt brûkt om de taryfsferheging fan 11,7% út 2024 te kompensearjen. Dat is konform lanlike ôfspraken. It oerbliuwende part fan € 6,2 miljoen wurdt troch it kolleezje brûkt om de besuniging fan it Ryk yn 2025 op it busferfier op te fangen. Dêrmei bliuwt it busferfier op peil en wurdt foarkaam dat der snijd wurde moat yn it busferfier yn Fryslân.
2. Mearjierreôfspraken mei de hân oesterrapen yn de Waadsee
Deputearre Steaten fan Fryslân hat fêststeld dat de mearjierreôfspraken foar it hânmjittich meinimmen fan Japanske oesters yn de Waadsee ferlinge wurde oant en mei 2029. Dêrmei wurdt in helder en soarchfâldich ramt behâlden, dat sawol de natuer beskermet as dúdlikens biedt oan de fergunninghâlders.
Mearjierreôfspraken mei de hân oesterrapen
3. Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip 2026
De subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip 2026 wurdt ek takom jier iepensteld foar it stimulearjen fan aktiviteiten op it mêd fan sporteveneminten foar Fryske sporten, Fryske lesoeren en literatuer, iepenloftspullen en ynternasjonale útwikseling. De iepenstellingstermyn ferskilt foar elk ûnderwerp binnen de regeling. It totaalbedrach foar 2026 is € 837.600,-.