1. Wageningen Research sil eksperimintearje mei Agroforestry

Der is noch net in soad kennis oer de potinsjele bydrage fan agroforestry oan de klimaatbydrage fan melkfeehâlderijen, en oer de effekten fan agroforestry op de praktyk fan moderne melkfeehâlderijbedriuwen. Yn in Publyk Private gearwurking sille partijen, dêrûnder oerheden, melkfeehâlders, ûndersyksynstituten en natuerorganisaasjes, by Dairy Campus eksperimintearje mei ferskate agroforestry-systemen en monitoaring foar antwurden op praktyske fragen.

2. Meldpunt Frysk – tuskenstân

Friezen binne en bliuwe skerp op it brûken fan it Frysk troch allerhanne ynstânsjes. Dat docht bliken út de opbringst fan it Meldpunt Fryske Taal fan de provinsje Fryslân. Yn de ôfrûne twa jier kamen der 52 meldingen binnen fan net of ferkeard brûken fan it Frysk yn ferskate uteringen.

3. Trije subsydzjeregelingen iepen foar inisjatyfrike Friezen

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 12 septimber 2022 ôf wer ferskate subsydzjes oanfreegje fia Streekwurk. It Iepen Mienskipsfûns, de Europeeske regeling LEADER en it Regiofûns wurde tagelyk iepensteld. Yn dizze subsydzje-omgong is foar hiel Fryslân omtrint 2 miljoen euro beskikber.  Op 12 septimber wurde alle regelingen iepensteld. Oanfragen foar it Iepen Mienskipsfûns en it Regiofûns moatte op syn lêst 6 oktober binnen wêze, foar LEADER kin dat oant en mei 20 oktober.