1. Mienskip mei reagearje op Regionaal Mobiliteitsprogramma

Fan 12 july oant en mei 5 septimber kin de Fryske mienskip yn ‘e kunde komme mei en reagearje op it ûntwerp Regionaal Mobiliteitsprogramma. Dêr stiet yn wat de provinsje yn de kommende desennia wol op it mêd fan mobiliteit. It programma slút oan op de omjouwingsfisy De Romte diele en it Klimaatakkoart en is de opfolger fan it Provinciaal Verkeer en Vervoersplan Fryslân.

2. Provinsje: probleem op spoar Swolle-Ljouwert flugger oplosse

Yn in brief oan ProRail freget de provinsje maksimale ynspanning foar in rappe ferbettering fan de kapasiteit op it spoar Ljouwert-Swolle. It hjoeddeistige rydskema fan de treinen is sa krap, dat der fertraging ûntstean kin as de brêge oer it Van Harinxmakanaal iepen giet. De provinsje is bliid dat de NS sprinters rjochting Ljouwert wat rapper ride lit om rommere iepeningstiden fan de brêge mooglik te meitsjen.

3. Fuortgongsrapportaazje Regiodeal Súdeast-Fryslân

It kolleezje nimt kennis fan de Fuortgongsrapportaazje Regiodeal Súdeast-Fryslân. Mei de Regiodeal jouwe it Ryk, fiif gemeenten, de provinsje en it Wetterskip in stevige ympuls oan Súdeast-Fryslân. Op it stuit is de dealperioade op de helte. It algemiene byld is dat de 25 deal-projekten goed rinne en nei ferwachting binnen de dealperioade ôfsletten wurde. Op 29 septimber is der in Regio Dei wêrby't alle rieden, Steaten en it AB fan Wetterskip Fryslân bypraat wurde oer de Regiodeal-projekten.

4. Taalpunt yn Iepen Mienskipsfûns

Projekten dy't op kreative wize de sichtberens fan it Frysk of ien fan de Fryske streektalen fergrutsje, meitsje aanst mear kâns op in bydrage fan it Iepen Mienskipsfûns. Omtinken foar it Frysk smyt ekstra punten op, wêrtroch't de kâns op honorearring grutter wurdt. Dêrmei wurde inisjatyfnimmers oanmoedige om nei te tinken oer de rol fan it Frysk en de Fryske streektalen yn harren IMF-projekt.

5. Buertbus krijt op ‘en nij subsydzje

In lette útnûging dy't nei in ferkeard adres stjoerd waard. Sykte dy’t ta noch mear fertraging late. De oanfraach foar in subsydzje foar de buertbus Starum-Himmelum kaam troch omstannichheden te let binnen op it Provinsjehûs, mar wurdt wol takend. Krekt as yn 2021 giet it om 8787 euro.