1. Jild foar it ophelpen fan stikstofgefoelige natuer

De provinsje Fryslân kriget 45 miljoen euro fan it Ryk foar it ophelpen fan stikstofgefoelige natuer. Mei it Provinsjaal Programma Natuer wol de provinsje Fryslân ynsette op in duorsume ferbettering fan de natuer yn de Natura 2000-gebieten en yn libbensgebieten fan kwetsbere plante- en bistesoarten. It programma is ûnderdiel fan de lanlike, strukturele stikstofoanpak fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit.

2. Fuortsterkjen Frysk yn it ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 13 septimber ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan it Frysktalige ûnderwiis. De regeling Frysk foar no en letter is fan 13 septimber oant en mei 14 desimber 2021 wer iepen. Der is 400.000 euro beskikber. Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk.

3. Beslissing op it beswier fan de  St. Nobilis tsjin it beslút om gjin subsydzje te ferlienen

It beswier fan it sintrum foar printkeunst Nobilis út de Fochtel tsjin de ôfwizing fan harren subsydzje is ûnterjochte. Dat seit de provinsjale beswierskriftekommisje. Nobilis die in oanfraach foar in mearjierresubsydzje út de provinsjale regeling foar museums. Dêrfoar moatte sy lykwols ynskreaun wêze yn it museumregister, en dat is net it gefal.
Nobilis kriget wol in subsydzje út de regeling lytse kulturele inisjativen (7.500 euro).

4. Subsydzje foar filmûnderwiis

Filmhub Noord kriget foar de kommende twa jier 50.000 euro subsydzje fan de provinsje Fryslân. It inisjatyf hat as doel om de filmedukaasje yn it ûnderwiis te befoarderjen, sadat bern leare hoe’t se nei filmbylden sjen moatte en hoe’t se dermei omgean kinne. Ek kinne se ûnderfining opdwaan mei it sels meitsjen fan filmbylden. Ek Grinslân en Drinte subsidiearje Filmhub Noord, dat de trije noardlike provinsjes betsjinnet.