1. Unfoldwaande foardielen troch farwei Hegewarren

In farwei foar binnenfeartskippen nei Drachten troch de Hegewarren smyt net genôch foardielen op. Ek is der mei de kennis fan no net genôch ekonomyske needsaak foar. Dy konklúzje lûke Deputearre Steaten nei in ûndersyk nei keppelkânsen fan de farwei mei de plannen om de Hegewarren op ‘en nij yn te rjochtsjen. Provinsjale Steaten nimme yn septimber in definityf beslút oer de polder én de farwei.

2. Stân fan saken Feangreideprogramma 2021 -2030

Yn in brief oan Provinsjale Steaten jout it kolleezje oan wat de fuortgong binnen de Fryske Feangreide-oanpak is. Sa giet de brief yn op de relaasje mei it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG) en byhearrende werhifking fan it Feangreideprogramma. Ek wurde ûntwikkelingen yn de aparte feangreidegebieten taljochte en beskriuwt it kolleezje hoe't it proses oangeande de fûndearringsoanpak der út sjocht.

3. Brief oan PS: Mienskiplike bestjoersopdracht Blauwe Drager

Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân sille gearwurkje oan in klimaatbestindige provinsje. Dit nei oanlieding fan it rapport fan Lysias Advies oer de gearwurking tusken beide oerheden. Provinsje en wetterskip stelden mei-inoar in bestjoersopdracht op, wêrby't wetter en boaiem liedend binne yn de romtlike ynrjochting fan ús provinsje. De útgongspunten fan dy bestjoersopdracht ferwurket de provinsje dêrnei yn de neikommende Provinsjale Omjouwingsfisy en it wetterskip yn harren Blauwe Omjouwingsfisy.

4. Subsydzje Fryske spraaktechnology

De Ryksuniversiteit Grins set útein mei de ûntwikkeling fan Fryske spraaktechnology. Dêrmei wurdt it mooglik sprutsen Frysk oan te bieden yn digitale middels. Dêrfoar krijt de RUG in subsydzje fan 224.978,- euro.

5. Ynsidintele subsydzje Freshem-NL faze 1

De provinsje draacht 280.000 euro by oan it projekt Freshem-NL. Dêrby wurdt foar in grut part fan leech Nederlân it swiete en sâlte grûnwetter, mar ek de ferskillende klaailagen yn kaart brocht. Dy kennis is nedich om de mjitte fan it fersâltsjen yn byld te krijen. It sâlter wurden fan it grûnwetter is ien fan de gefolgen fan seespegelstiging en klimaatferoaring. Fersâltsjen kin in bedriging foarmje foar de ikkerbou en de drinkwetterfoarsjenning. Binnen dit projekt wurkje 7 provinsjes, 7 wetterskippen, 5 wetterliedingmaatskippijen en 2 kennisynstituten gear.