Beslutelist Deputearre Steaten 24 jannewaris 2023
1. Negatyf advys gaswinning De Blesse
It ministearje fan EZK jout de gelegenheid in advys te jaan op in winningsplan fan Vermilion by De Blesse. GS makket dêr gebrûk fan en stelt him op tsjin nije gaswinning en advisearret de steatssekretaris, mei it each op de ympakt op natuer en miljeu, om net yn te stimmen mei it winningsplan. Mocht der dochs wûn wurde dan fersiket it Kolleezje de minister om oan in tal betingsten te foldwaan, wêrûnder in goede kompensaasje foar de regio.
2. Factsheet LEADER 2017-2022
Yn de perioade 2017-2022 binne der yn de LEADER-gebieten Noardwest- en Noardeast-Fryslân yn totaal 73 mienskipsprojekten holpen mei in bydrage út it Europeeske LEADER-programma. Mei-inoar giet it om in ynvestearring fan sa'n 43 miljoen euro. 2022 wie it lêste jier fan de hjoeddeistige LEADER-perioade. Wy binne no oan it ûndersykjen hoe't wy yn de kommende perioade fierder geane en yn hokker Fryske regio's.
3. Kenniskluster foar fraachstikken oer fersâltsjen yn Delta’s
Op 2 febrewaris o.s. wurdt it nije Kenniskluster foar fraachstikken oer fersâltsjen yn Delta’s oprjochte en presintearre yn Ljouwert. It fersâltsjen yn lânbougrûn is in grutter wurdend probleem. Benammen yn ‘e noardlike klaaiskyl yn Fryslân en Grinslân, de Wieringermeerpolder yn Noard-Hollân, de Siuwske delta, mar ek yn in tal feangreidegebieten. De provinsje Fryslân hat dêrfoar ien miljoen euro beskikber. Dêrmei wurdt ynfolling jûn oan resultaat 14 yn it bestjoersakkoart oer fersâltsjen.