1. Fluchfytsrûten skoare ryksjild fia provinsjale oanfraach

Foar de fluchfytsrûten Ljouwert-It Hearrenfean en Drachten-Oerterp komt ryksjild frij. It giet om stipe út in regeling, dêr’t gemeenten sels net streekrjocht in berop op dwaan kinne, mar de provinsje wol. Dy betellet it jild, yn rûne sifers 1,53 miljoen euro, no oan de gemeenten. Likernôch 1,03 miljoen euro is foar de gemeente Ljouwert bestimd en hast 0,5 miljoen euro foar Smellingerlân.

2. Jild provinsje foar teäterspektakel De Tocht

It teäterstik De Tocht is foar Fryslân in wichtich evenemint, oardielet it kolleezje fan Deputearre Steaten. Om dy reden komt de provinsje de organisaasje te help, no’t dy troch opûnthâld troch de koroanapandemy yn jildpine sit. De provinsje stelt 125.000 euro beskikber. It jild komt út it werstelpakket No & Moarn 2.

3.Oanpassing enerzjybesparjende isolaasjemaatregels

De provinsje past de subsydzjeplafonds fan de Fryske plusregelingen op de lanlike Subsidieregeling Energiebesparing Eigen Huis (SEEH) en de lanlike Investeringssubsidie Duurzame energie en Energiebesparing (ISDE) oan. Reden is dat der mear gebrûk makke wurdt fan de SEEH as earst foarsjoen waard. Foar de SEEH giet it plafond fan 0,75 miljoen nei 1,8 miljoen euro, it plafond fan de ISDE sakket fan 2,2 nei 1,15 miljoen euro. Mei-inoar bliuwt der 2,95 miljoen euro beskikber foar enerzjybesparjende maatregels.

4. KlimOp – Untsoargingsprogramma foar it duorsumer meitsjen fan lyts maatskiplik fêstgoed

Duorsumensadviseurs yn Fryslân kinne harren fan hjoed ôf ynskriuwe as adviseur foar KlimOp-programma foar it duorsumer meitsjen fan lyts maatskiplik fêstgoed. KlimOp stelt eigeners fan dat fêstgoed, lykas doarpshuzen en skoallen, by steat om ien fan de dielnimmende adviseurs yn te hieren om harren te helpen mei maatregels foar duorsumens, lykas isolaasje. It Ryk stelde foar alle provinsjes twa miljoen euro foar it programma beskikber.

5.Gebietsûntwikkeling Beekdal Linde, fêststelling 4e module

De gebietsûntwikkeling Beekdal Linde kriget in fjirde útfieringsmodule. Dy hâldt ynrjochtingsmaatregels foar de realisaasje fan de opjeften oangeande it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en Kaderrichtlijn Water (KRW) yn. It giet om trije dielgebieten: ‘Polder Hoekstra’, ‘Polder IJkenverlaat’ en ‘gebiet Ter Schure’. Mei-inoar giet it om in oerflak fan 102 bunder dy’t ynrjochte wurdt. Utinoar rinnend fan krûde- en faunaryk gerslân oant wiet healân, sompe, drûch heideskraal gerslân en drûge heide. Twa dielgebieten mei in oerflak fan goed 70 bunder krije in iepen ferbining mei it part fan de Lende dat ûnderdiel fan de Fryske boezem is. By hegere wetterstannen drage dy by oan de wetterberging fan de boezem. De provinsje draacht goed 566.000 euro by oan de ynrjochting.