1. Nij reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022

Deputearre Steaten hawwe it nije reglemint foar provinsjale prizen en beneaming 2022 fêststeld. It reglemint is ûntstien út de provinsjale prizeferoardering dy’t DS foar de simmer fêststelde. Nije prizen dy’t derby komme, binne de Els Veder Smitpriis en de Lytse Obe. Yn it reglemint steane ek regels foar de beneaming van advyskommisjeleden.

2. Undertekenje Sustainable Development Goals

By de mondiale Sustainable Development Goals (SDG) Action Day op 27 septimber o.s. ûndertekenet de provinsje Fryslân in yntinsjeferklearring oangeande dizze duorsume ûntwikkelingsdoelstellings. Dat past by de wize wêrop't Fryslân mei de SDG's omgiet. De provinsje besleat yn 2018 aktyf rekken te hâlden mei de SDG's. Dat hat ûnder oare yn it bestjoersakkoart syn útwurking. Fryslân is de twadde provinsje dy't ûndertekenet.

3. Iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Agraryske Bedriuwsferpleatsing Hegewarren

De Subsydzjeregeling agraryske bedriuwen (SAB) foar de oanwêzige bedriuwen yn de Hegewarren giet ein septimber iepen. Dêrmei krije de bedriuwen de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen foar de kosten en ynvestearrings dy't by ferpleatsing komme te sjen. Der is 500.000 euro beskikber.