Beslutelist Deputearre Steaten 17 jannewaris 2023
1. Ferfolch projekt Holwert oan See
DS hat kennis naam fan it advys fan de stjoergroep Holwert oan See om de natuerlike fariant fierder út te wurkjen. Omdat de natuerlike fariant ôfwykt fan it yn 2018 presintearre Holwert oan See, is DS fan miening dat de natuerlike fariant net útwurke wurde kin.
2. Subsydzjeregeling duorsum greidefûgelgerslân
Yn Nederlân en Fryslân lizze gaadlike greidefûgelgebieten foar it grutste part bûten de N2000-gebieten en it Natuurnetwerk Nederland (NNN). De greidefûgels bûten it NNN binne dêrom ôfhinklik fan frijwillige greidefûgelbeskerming en agrarysk natuerbehear. Binnen it ynternasjonale projekt LIFE IP GrassBirdHabitats is in grûnynstrumint ûntwikkele yn de foarm fan de subsydzjeregeling duorsum greidefûgelgerslân. Der is jild beskikber om in pilot op sa'n 100 ha út te fieren. De regeling bestiet út subsydzje foar weardefermindering fan agraryske grûnen nei greidefûgelgerslân.
3. Oanpassingen Feroardering Romte, Wetterferoardering, Omjouwingsferoardering
De ferromming fan regels foar kampearterreinen yn Fryslân giet earder yn. Dat wurdt foarsteld oan Provinsjale Steaten. It giet om bygelyks it tastean fan kampearjen yn de wintermoannen en dat lytsskalige kampearterreinen ûnder betingsten 35 yn stee fan 25 plakken hawwe meie. De Steaten namen dy oanpassingen al op yn de Omjouwingsferoardering, mar omdat de Omjouwingswet hieltyd útsteld wurdt binne ek dizze regels noch net fan krêft. Troch se op te nimmen yn de hjoeddeiske Feroardering Romte, kin der - ek by nij útstel - al mei wurke wurde. Fierder wurde guon oare oanpassings oan de feroarderings foarsteld, ûnder oare it formalisearjen fan de al earder ôfprate 'Verdringingsreeks' by wetterkrapte. Ek wurdt it oanlizzen fan in Wadi (opslachfoarsjenning foar reinwetter) ûnder betingsten fergunningsfrij. De nije oanpassings wurde no earst op besjen lein.
4. Gebietsferkenning Harns
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de gebietsferkenning Harns fêststeld. Dat is in nije stap yn it gearwurkingsproses oangeande ferskate projekten dy't Harns reitsje: de dykfersterking Surch-Koehoal, de ferfanging fan de Tsjerk Hiddes-slûzen en inkelde toeristyske projekten fan de gemeente yn de kustsône. Yn ‘e mande mei de gemeente Harns en Wetterskip Fryslân moat de ferkenning no ta in gebietsûntwerp útwurke wurde.
5. Voucherregeling MKB Fryslân 2023
Mei de regeling wolle wy MKB-ûndernimmersaktiviteiten op it mêd fan ynnovaasje, bedriuwsûntwikkeling of strategysk HR stimulearje. Der kin subsydzje frege wurde foar bygelyks de ynsetberens fan wurknimmers en meiwurkers, it ynspyljen op de krapte op de arbeidsmerk of it digitalisearjen fan de ûndernimming. Der is € 1.300.000 beskikber. De regeling giet op 6 febrewaris iepen.
6. Foardracht sjuery Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer
De sjuery foar de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer 2022 sil dit jier út fiif minsken bestean. DS hat beslúten Kirsten Annema, Suzanne Mulder, Rob Hendriks, Marc Nolden en Peter Michiel Schaap te beneamen. Alle fiif komme se út de arsjitektuerwrâld.
7. Jierplan Aginda Bioferskaat
Yn it fêststelde jierplan foar de Aginda Bioferskaat falt te lêzen hoe't de aksjes út de Aginda Bioferskaat troch de oanbelangjende partners (oerheden en partners út it lanlik gebiet) oppakt wurde. Dêryn stiet ûnder oare kennisûntwikkeling, edukaasje en natuerynklusyf wurkjen sintraal. Ek wurdt der takom jier fierder wurke oan it platfoarm www.biodiversiteit.frl(eksterne link). Dat groeiende platfoarm is yn it libben roppen om besteande kennis oer it ferbetterjen fan bioferskaat, projekten, organisaasjes en aktiviteiten yn de provinsje op ien sintraal plak byinoar te bringen.