1. VTH tuskenrapportaazje 2022

De ODG (Omgevingsdienst Groningen) konstatearret dat it tal majeure risiko-bedriuwen yn oprjochting yn Noard-Nederlân tanimt. Dat sjocht de ODG werom yn de grutte omfang fan de wurkpakketten by de ODG wurknimmers. Der wurdt de kommende tiid ynset op it oplieden fan personiel en it oanlûken fan ekstra personiel.

2. Rapportaazje reality check wenningbou Fryslân

De provinsje Fryslân omearmet de ambysje fan minister De Jonge (VRO) om de wenningbou te ferhastigjen. Oant 2030 wolle wy mei-inoar 17.500 nije wenten bouwe, mar wol yn oerlis mei ús Fryske partners en neffens de Fryske Oanpak. Dat lit de provinsje witte yn in brief oan de minister. De provinsje wurket dy ambysje yn de kommende perioade mei gemeenten út nei Regionale Woondeals.

3. Tuskentiidske evaluaasje konsesjes Waadfearen

It Ryk hat in tuskentiidske evaluaasje dwaan litten nei de konsesjes fan de feartsjinsten nei de fjouwer Fryske Waadeilannen. Lykas earder tasein wurde dizze rapportaazjes no foar ynformaasje nei Provinsjale Steaten stjoerd. Letter fan ‘t jier komt de provinsje noch mei in ynhâldlike reaksje, by it steatefoarstel oer de mooglike desintralisaasje fan de Waadfearen.

4. Subsydzje Finansjeel Fit Fryslân

It projekt Finansjeel Fit Fryslan ûntfangt 300.000 euro fan de provinsje út de NO & Moarn II wei jilden. It projekt wol mei de Fryske gemeenten en oare partijen út it fjild komme ta in netwurk om earmoede, enerzjyearmoede en skulden yn Fryslân oan te pakken.

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.