1. Ofsprakeramt takomstich dielnimmen Ryk yn netwurkbedriuwen

Netwurkbedriuwen Alliander, Enexis en Stedin hawwe, yn ‘e mande mei de fertsjintwurdigers fan de oandielhâlders, in ûnderhannelingsakkoart berikt oer it ôfsprakeramt. Dêrmei wurdt in takomstige partisipaasje fan it Ryk yn de netwurkbedriuwen mooglik. Provinsje Fryslân is oandielhâlder fan Alliander. Oan PS wurdt útsteld gjin winsken en betinkings te hawwen tsjin it foarnommen beslút fan DS om Alliander by de AvA fan april 2023 tastimming te jaan om it Ofsprakeramt mei it Ryk te ûndertekenjen.

2. Utfiering fan de Nota 'Naar een schone en gezonde leefomgeving'

Yn it útfieringsplan ‘Naar een schone en gezonde leefomgeving’ falt te lêzen hoe’t de provinsje gefolch jout oan it inisjatyfútstel út de Steaten. Dat útstel giet oer de ôfbou fan pestisidegebrûk yn Fryslân 2021-2030. De haadmaatregels út it plan geane ûnder oare oer it beynfloedzjen fan partikulieren, test- en eksperimintearromte foar de lânbou, lobby foar alternative middels en maatregels foar de provinsjale bougrûn dy’t ferpachte wurdt (fan krêft yn 2030).

Brief DS Uitvoering van de Nota Naar een schone en gezonde leefomgeving afbouw van pesticiden in Fryslân 2021-2030 20230110

3. Subsydzje foar Platform Popcultuur Fryslân

It Platform Popcultuur Fryslân krijt foar de jierren 2023 en 2024 in totale subsydzje fan € 393.134,-, wat delkomt op € 196.567,- yn it jier. It platfoarm is in ferbûn fan alle Fryske popynstellingen en hat as doel de popkultuer yn Fryslân te fersterkjen.

4. Wiziging Mienskiplike regeling Rekreaasjeskip Marrekrite

De mienskiplike regeling foar rekreaasjeskip Marrekrite, dêr't trettjin fan de fjirtjin Fryske fêstelângemeenten en de provinsje yn partisipearje, moat aktualisearre wurde. De beëage nije regeling wurdt nei Provinsjale Steaten stjoerd. It giet benammen om technyske wizigings. It útstel oan Provinsjale Steaten is om gjin sjenswize yn te bringen.