Bermbehear yn Fryslân
Yn Fryslân leit in netwurk fan diken: sneldiken, autodiken, mar ek lytsere diken en fytspaden. De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it behear fan de provinsjale diken, dy neame wy ek wol de N-diken. Ek soarget de provinsje foar it ûnderhâld fan de bermen en bermsleatten lâns dizze diken. Yn totaal is dat sa 'n 800 kilometer bermen en 850 kilometer oan bermsleatten.
Natuerfreonlik bermbehear
Om de bermen goed te ûnderhâlden is it nedich om se sa no en dan te meanen. Dat dogge wy sa natuerfreonlik as mooglik. Dat hjit ek wol ‘ekologysk bermbehear’. It betsjut dat we sa min mooglik meane en safolle mooglik rekken hâlde mei de biodiversiteit.
By de measte provinsjale diken meane wy ien kear yn it jier. By dizze bermen meane we wol in strook ticht lâns de dyk en de tuskenbermen as se smel binne. Sa soargje we derfoar dat der foldwaande sicht op de dyk is. De bûtenkant fan 'e bermen en bredere tuskenbermen meane wy ien kear jiers yn 'e hjerst. Sa soargje we der ek foar dat we de fûgels yn it briedseizoen (maitiid-simmer) net tefolle steure. Soms meane we de sleatkanten ek yn fazen. Dat hâldt yn dat alle jierren in oar part stean bliuwt. Omdat it om in soad kilometers giet, nimt it meanen yn de hjerst somtiden in pear wiken yn beslach.

Fiedselrike bermen
Lâns in tal provinsjale diken binne de bermen tige fiedselryk. Dat betsjut dat der in soad fiedingsstoffen yn de boaiem sitte. Dat klinkt miskien as is it hiel goed foar de natuer, mar net alle plantesoarten hâlde dêrfan. Seldsume blommen en krûden dogge it faak better yn fiedselearme grûn. Om de grûn fiedselearmer te meitsjen, meane we dizze bermen twa kear yn it jier. Dêrneist soargje wy derfoar dat wy al it meande gers fuorthelje. Soms wachtsje we dêr in pear dagen mei, sadat de siedsjes yn de blommen drûgje kinne. Dy siedsjes bliuwe dan achter yn 'e bermen, wannear 't wy it meande gers ôffiere. Sa kinne de siedsjes útkomme en bloeie bepaalde blommen en krûden twa kear yn it seizoen.
Yn Fryslân kenne wy ek in tal plantesoarten dy 't de oanstriid hawwe om harren rap te fersprieden, wêrtroch 't oare blommen en krûden gjin plak mear hawwe. Bygelyks reid, surk, stikels of Jabikskrúswoartel, wat ek foar problemen soargje kin op neistlizzende perselen. Op plakken dêr 't dizze soarten in soad foarkomme, meane we faker.

Feiligens
Goed sicht op oankommend ferkear is tige wichtich. Feiligens stiet dan ek op nûmer ien. Dêrom meane we faker, of mear parten fan in berm of tuskenberm as dat foar de feiligens nedich is. Bygelyks by krúspunten of op plakken dêr 't der net in soad oersjoch op de dyk is.
