De Beliedsregels Stikstof geane op 1 febrewaris yn.  Fan dat stuit ôf kin de fergunningferliening wer útein sette. Dat strykt mei it kolleezjebeslút fan 10 desimber 2019. De likernôch 140 fergunningoanfragen dy’t oanhâlden binne, wurde yn behanneling nommen en op basis fan de nije beliedsregels beoardiele.

Op 10 desimber waard noch net in definityf beslút nommen, yn ôfwachting fan it stânpunt fan it kabinet oer de fergunningplicht foar it beweidzjen en bedongjen en de ynfloed dêrfan op de beliedsregels. Oant no ta hat it kabinet dêr noch gjin stânpunt oer ynnommen. Wol hat Commissie Remkes advisearre om it beweidzjen en bedongjen net fergunningplichtich te meitsjen. Yn reaksje dêrop hat minister Schouten fan LNV oanjûn dat stânpunt te stypjen, mar noch mei in formele reaksje te kommen. Mei it each op it maatskiplike belang dat ek yn Fryslân wer fergunnings ferliend wurde kinne, hat it kolleezje besletten om mei yngong fan 1 febrewaris wer mei de fergunningferliening útein te setten.

Nei alle gedachten nimt it kabinet op koarte termyn in stânpunt yn oer de fergunningplicht foar it beweidzjen en bedongjen. Ek de nije Meststoffenwet moat troch de Keamer fêststeld wurde. It is net út te sluten dat dy saken mooglik ynfloed op de provinsjale beliedsregels hawwe.

Noch gjin oplossing

It wer mei de fergunningferliening útein setten betsjut lykwols net dat de delslach fan stikstof op Natura 2000-gebieten sakje sil. Dêr binne mear maatregels foar nedich. It kolleezje fan Deputearre Steaten: “It docht ús deugd dat it Ryk mei klam útsprekt dat se yn gearwurking mei de provinsje ta fierdere stappen komme wolle. Wy binne lykwols wol teloarsteld oer it feit dat it Ryk noch gjin konkrete stappen nimt yn it nimmen fan boarnemaatregels of de finansjele stipe fan provinsjes by de gebietsrjochte oanpak. Nettsjinsteande dat geane wy fierder mei de tariedings foar in gebietsrjochte oanpak dy’t liede moat ta minder delslach fan stikstof op N2000-gebieten. Wy fine dat yn dit dossier by de rol fan de provinsje passen. De tariedings jouwe ús better ynsjoch yn de mooglikheden foar in gebietsrjochte oanpak en wat wy dêrfoar nedich hawwe. Dat is wichtige ynformaasje foar de petearen dy’t wy yn IPO-ferbân en mei it Ryk fiere.”

Gebietsrjochte oanpak

Yn de gebietsrjochte oanpak stiet it ferminderjen fan stikstofdelslach op N2000-gebieten sintraal. Dy wurdt yn de kommende moannen fia fjouwer spoaren útwurke, nammentlik: lânbou, mobiliteit/ferkear, natuerwerstel en fergunning/hanthavening. Der binne dúdlike keppelings mei oare provinsjale opjeften, lykas feangreide en de transysje fan de lânbou. Fierder jout de provinsje wer in ferfolch oan de dialoochsesjes. It tal minsken dat dêrby behelle wurdt, wurdt útwreide om rjocht te dwaan oan in dialooch mei hiel Fryslân. Dêrby sille aktualiteiten, de gebietsrjochte oanpak, mar ek de fisy foar 2030 bepraat wurde.