Arriva fersoarget kommende twa jier busferfier yn Fryslân
Fan 11 desimber 2022 oant en mei 14 desimber 2024 bliuwt Arriva ferantwurdlik foar it busferfier yn Fryslân. It giet yn dy perioade om in oerbrêgingskonsesje (needkonsesje). Troch de koroanapandemy koe net in reguliere oanbesteging dien wurde omreden fan ûnwissichheden oer reizgersoantallen. Under dizze konsesje stiet it weromheljen fan âlde, it fêsthâlden fan ’e hjoeddeistige en it oanheljen fan nije reizgers sintraal.