De provinsjale organisaasje wol safolle as mooglik mearwearde foar Fryslân. Hoe docht sy dat? Wêr stiet de provinsjale organisaasje foar, wat wol de provinsje en hokker wearden en gedrach hearre dêr by? Dit stiet pittich ferwurde yn ‘e organisaasjefisy fan de provinsje Fryslân. Dizze fisy jout rjochting en ynspiraasje oan de manear fan wurkjen fan de meiwurkers en is dêrmei in middel om de omjouwing sa goed as mooglik te betsjinjen. Alle meiwurkers en in tal gearwurkingspartners fan de provinsje Fryslân hawwe fan jannewaris oant july 2021 meiboud oan de fisy.

Organisaasjefisy provinsje Fryslân

Heger doel

Mei de mienskip wurkje oan in moai en sterk Fryslân.

Kearnwearden

  • De Fryske mienskip op 1
  • Mei hert en siel foar Fryslân
  • Betrouber wêze
  • Dien wurk meitsje

Opjeftestjoerd wurkjen

Besjoch de animaasje oer Opjeftestjoerd wurkjen by provinsje Fryslân op Youtube(externe link).