Oer dizze side

  • Jo binne no op de webside fan de provinsje Fryslân. Hjir kinne jo ynformaasje op fine fan en oer it bestjoer fan de provinsje.
  • Wy besykje de webside sa goed as mooglik by te hâlden. Dochs is it mooglik dat ynformaasje net mear goed of ferâldere is. As jo dat sjogge, kinne jo in e-mail stjoere nei website@fryslan.frl. Jo kinne hjir ek te plak foar oare fragen oer de webside. Binnen trije dagen krije jo in antwurd. Skilje kin ek, nei 058-292 5525.
  • Op dizze webside meitsje wy links nei websiden fan oare oerheden lykas ministearjes, oare provinsjes, gemeenten en wetterskippen, mar net nei bedriuwen. 
  • De teksten, foto's en films op dizze webside binne eigendom fan de provinsje, útsein de foto's fan de leden van Provinsjale Steaten. Se binne eigendom fan het Hoge Noorden - Jacob van Essen.
  • Foarmjouwing: SIMgroep, www.simgroep.nl
  • Technyske realisaasje: SIMgroep, www.simgroep.nl

Privacy 

Jo besykje dizze webside sûnder dat wy witte wa’t jo binne. Wol set it kompjûtersysteem automatysk in bestantsje mei letters en sifers op jo kompjûter, mar dêr stiet gjin ynformaasje oer jo yn. Dat wurdt ek wol in ‘cookie’ neamd. De cookies dy’t wy brûke binne needsaaklik foar de technyske wurking fan de webside en jo brûkersgeriif. Troch de cookies soargje wy derfoar de de webside goed wurket en ûnthâldt de webside bygelyks jo foarkarsynstellings. Jo kinne ús webside anonym besykje, of it moat wêze dat jo persoanlike gegevens yn bygelyks in digitaal formulier ynfolje. Dy ynformaasje brûke wy allinne om in antwurd op jo fraach jaan te kinnen.

Digi-D en eHerkenning

As jo fia in digitaal formulier fan de webside in oanfraach dogge, moatte jo jo by in tal formulieren identifisearje mei help fan jo DigiD of eHerkenning. Nei de identifikaasje wurde dy gegevens brûkt foar de troch jo yntsjinne oanfraach of wiziging, dat wy der wis fan binne dat wy de krekte persoan helpe.

Dat jildt no noch foar in tal formulieren. Yn ‘e takomst jildt dat foar formulieren dy’t ynfolle wurde om in melding te dwaan of om in fergunning of subsydzje oan te freegjen. Foar koarte formulieren, lykas in oanmeldformulier foar in evenemint meitsje wy gjin gebrûk fan DigiD of eHerkenning.

Siteimprove

Dizze webside makket gebrûk fan de programma Piwik Analytics en Siteimprove. Dat binne webanalyze-programma’s dy’t wy brûke om de website te analysearjen. Sa krije wy ynformaasje oer it tal besikers, hokker siden it meast besocht wurde of de tiden fan besite. Wy kinne gjin persoanlike ynformaasje oer de besikers fan de webside ynsjen. Mei persoanlike ynformaasje bedoele wy bygelyks de âldens, it wenplak en it geslacht fan de besiker.

Cookies wegerje

Jo kinne it brûken fan cookies wegerje troch dat yn jo browser yn te stellen. Wy wize jo der lykwols op dat jo yn dat gefal faaks net alle mooglikheden fan dizze webside brûke kinne.

Funksjonaris gegevensbeskerming

In funksjonaris foar gegevensbeskerming (FG) is belêste mei it tafersjoch op ‘e beskerming fan jo persoansgegevens. De FG fan de provinsje Fryslân is berikber fia it Klant Contact Centrum fan de provinsje: telefoannûmer 058-292 59 25 of mei in e-mail: functionarisgegevensbescherming@fryslan.frl.

Mochten jo leaver streekrjocht jo fraach oan de FG stelle yn stee fan fia it KCC, dan kinne jo dat by harren oanjaan. De operators binne op ‘e hichte fan de dan te folgjen proseduere.

Privacyverklaring

Besjoch de algemiene privacyverklaring van provinsje Fryslân.

Frysk op dizze webside

It brûken fan it Frysk op de webside hat ek de oandacht fan Deputearre Steaten en de amtlike organisaasje.

Dokuminten

Ferskate dokuminten op dizze site biede wy oan yn pdf-foarm (Portable Document Format). Om pdf-bestannen lêze te kinnen en te printsjen binne jo Adobe Reader nedich.  

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.