Ynhâldlik ûnderhannelingen nije koälysje úteinset

Yn de twadde wike fan de formaasje fan in nije provinsjale koälysje binne de ynhâldlike ûnderhannelingen fan 'e wike úteinset. Der is oanjûn hoe 't de finansjele romte is foar de kommende jierren.

Soe de koälysje de winsken fan de fjouwer bedoelde koälysjepartijen CDA, PvdA, VVD en FNP maksimaal yn it besteande belied ferwurkje, dan is in bedrach fan 800 miljoen euro nedich. Der is sa’n 200 miljoen euro beskikber. De kommende wiken brûke de partijen om harren winsken en it jild mei elkoar yn lykwicht te bringen.

Formateur Evelien Blaauw oan it wurd

Oan fiif saneamde tematafels komme alle ûnderwerpen op it aljemint. Wernei de ûnderhannelers oan de haadtafel beslute wat al en net yn it koälysjeakkoart komt. Dat bart ûnder lieding fan formateur Evelien Blaauw. De bedoeling is dat ein juny it koälysjeakkoart fan CDA, PvdA, VVD en FNP klear is. Dêrnei giet dan ek it nije kolleezje fan Deputearre Steaten oan it wurk.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.