Wurk oan fytspaad by De Lende lâns leit tydlik stil

De rekonstruksje fan it fytspaad by de beek De Lende lâns, tusken de Domeinenweg by Wolvegea en de Kontermansbrêge, leit tydlik stil. Dit yn ferbân mei it beskermjen fan in wichtich foartplantingsgebiet foar kwetsbere libellensoarten yn de beek.

De Lende is in wichtich libbensgebiet foar in oantal kwetsbere, beskerme libellensoarten, lykas de pompeblêdwytsnút-libel. Foar de foartplanting binne dizze soarten ôfhinklik fan de wetterplanten yn de beek. Dêr sette sy de aaikes ôf.

Sûnt begjin april ferfiert de oannimmer de boustoffen en grûn mei wurkboaten oer De Lende. Dit omdat it wurkterrein oer lân ûnfoldwaande begeanber wie. Der waard ferwachte dat dy wurkwize de wetterplanten net slim oantaaste soe, mar dat blykt wol it gefal te wêzen. Dêrom is it wurk stillein. It is noch net dúdlik wannear’t dit wer start. De rekonstruksje fan it fytspaad rint dêrtroch fertraging op. It paad is oan de ein fan it jier klear, sa wurdt ferwachte. Oant dan is it paad ôfsleaten.

Gebietsûntwikkeling

It hjoeddeistich fytspaad fan asfalt wurdt ferfongen troch in breder, betonnen fytspaad. Ek wurdt op trije plakken âlde meanders (beeklussen) op ‘e nij útgroeven. It fytspaad folget aanst dizze meanders en makket in lus troch it natuergebiet by de Roordapolder. De maatregels binne ûnderdiel fan gebietsûntwikkeling Beekdal Linde. In projekt wêr de gebietskommisje yn opdracht fan provinsje Fryslân en yn gearwurking mei gemeenten Ooststellingwerf en Weststellingwerf, It Fryske Gea en Staatsbosbeheer, Wetterskip Fryslân, LTO Noard en Vereniging kleine dorpen, wurket oan de beekdelling fan De Lende.

Pagina opties