Wer Europeesk jild foar in fitaal plattelân

Ein ferline jier ferhuze doarpshûs De Fjouwer nei de âlde basisskoalle De Flieterpen yn Reitsum. Al moannen lang wurkje in soad frijwilligers oan de ferbouwing fan it gebou. Mei troch it LEADER subsydzje dat se krigen, koene de plannen trochgean en is it gebou ek duorsum makke.

Hjoed krige foarsitter Oane Sierksma fan De Fjouwer it LEADER buordsje út hannen fan deputearre Klaas Fokkinga. Dêrmei is it subsydzje definityf takend. Sawol de regio Noardeast as Noardwest Fryslân kinne fan ’t jier op ‘en nij hast in miljoen euro oan projekten op it mêd fan leefberens besteegje. Dat jild komt út de regeling foar LEADER, in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebieten.

Klaas Fokkinga: “Moetingsplakken lykas dizze fergrutsje de sosjale ferbûnens op it plattelân. Prachtich om te sjen dat jong en âld út ferskate doarpen mei-inoar de skouders der ûnder sette om it doarpshûs op ‘e tiid ôf te krijen.”

Mooglikheden foar moetingssintra

Ut in earste ferkenning is konstatearre dat der út de LEADER-regeling wei nei alle gedachten mear mooglikheden binne foar moetingssintra, dy’t fer- en/of nijbouplannen hawwe. Dêr wurdt no net of mar beheind gebrûk fan makke. Dêrom is Doarpswurk frege om in ynventarisaasje te meitsjen fan de moetingssintra yn de hiele regio Noardeast Fryslân, dy’t mooglik kânsryk binne foar in LEADER oanfraach. Doarpswurk wol dêrby de doarpshûsbestjoeren begeliede by it dwaan fan in LEADER oanfraach en dêrmei meardere fer-/nijbouplannen yn de regio mooglik meitsje.

Subsydzjeprogramma LEADER 

It LEADER-subsydzje is der om de leefberens te befoarderjen en de fitaliteit, wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft fan plattelânsgebieten te stimulearjen. In wichtich útgongspunt is dat minsken yn it gebiet sels kieze wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Fertsjintwurdigers út de streek, de streekambassadeurs yn de Local Action Group, advisearje oer it takennen fan LEADER-subsydzje.

LEADER yn Fryslân

Yn Fryslân kinne inisjatyfnimmers fan projekten yn Noardeast en Noardwest Fryslân subsydzje oanfreegje. LEADER wurdt by provinsje Fryslân koördinearre troch Streekwurk. De projektburo’s yn Frjentsjer en Burgum binne telefoanysk en fia e-mail berikber foar ynformaasje, stipe en antwurd op fragen. Op www.fryslan.frl/leader is mear ynformaasje te finen.

Twa perioaden

Der binne yn 2021 twa perioaden dat subsydzje oanfrege wurde kin. De earste perioade is fan moandei 17 maaie oant en mei tongersdei 17 juny 2021. Yn septimber set de twadde perioade útein.

Pagina opties