Útwreiding subsydzjeregeling Ynternasjonaal Ûndernimme

De subsydzjeregeling Ynternasjonaal Ûndernimme Fryslân 2016-2020 wurdt útwreide. Fryske ûndernimmers kinne in subsydzje krije fan op syn meast in tredde fan de kosten fan it realisearjen fan aktiviteiten dy’t mei eksport anneks binne.

Troch útwreiding fan dy regeling kinne Fryske bedriuwen in eksportmeiwurker yn tsjinst nimme.

Deputearre Sander de Rouwe: “Út de CBS-sifers docht bliken dat ús eksport flugger groeit as yn trochsneed. As it sa troch giet, groeit de Fryske eksport yn 2020 oant 8,5%. Der is dan noch in groei fan 1,5% nedich om de winske 10% te heljen. Yn petearen mei it bedriuwslibben binne wy kommen ta in tal oanfoljende maatregels. Mei it mooglik meitsjen fan it oannimmen fan in eksportmeiwurkers  wurdt it plak foar eksport yn ús bedriuwslibben bestindige.”

It yn tsjinst nimmen fan in eksportmeiwurker is in wichtige stap om goede oansluting te finen by ynternasjonale merken. De regeling hat gjin finansjele gefolgen, it giet om in útwreiding dêr’t al budzjet beskikber foar steld is.

Projekt Talent Bridge

De Oranjewoud Export Academy kriget in bydrage foar ien kear fan € 150.000 om jong eksporttalint oan te lûken. It projekt moat derfoar soargje dat der genôch oanbod fan talint op de eksportmerk komt. Dêrmei slút it projekt oan op de útwreiding fan de subsydzjeregeling foar it oannimmen fan eksportmeiwurkers.

Stiging Fryske eksport

It doel fan dizze maatregels is om it persintaazje ûndernimmings yn Fryslân dat ynternasjonaal ûndernimt, fan 7,1% (2012) nei 10,2% yn 2020 groeie te litten. Ûnderwilens docht út resinte CBS-gegevens bliken dat it oandiel eksportearjende ûndernimmings yn Fryslân yn 2017 nei 8,3% groeid is. Dêrmei is Fryslân op de Nederlânske eksportranglist Utrecht foarby gien en is de ôfrûne jierren in efterstân weiwurke mei ûnder oare de subsydzjeregelings Ynternasjonaal Ûndernimme, Hannelsmisjes/beurzen en Merkûntwikkeling en Merkferkenning as ynstruminten.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.