Utfiering fan it klimaatakkoart úteinset

Klimaatferoaring en de stiging fan de seespegel binne in urgint en grut probleem. Benammen as wy nei de takomst fan Fryslân sjogge. Utfiering fan it Klimaatakkoart is needsaaklik om Fryslân sa lang mooglik leefber te hâlden, neat dwaan is gjin opsje.

It Klimaatakkoart rjochtet him op maatregels bedoeld om de oarsaken fan klimaatferoaring tsjin te gean, it beheinen fan broeikasgasemisjes. Mei de startnotysje moat der rjochting komme oer hoe’t it Enerzjyprogramma der krekt út komt te sjen.

Haaddoel fan it mondiale Klimaatakkoart is om de trochsneed temperatuerstiging op ierde te beheinen ta op syn meast 2 graden Celsius. Dêrfoar moat de emisje fan broeikasgassen lykas CO2 (koalstofdiokside) en CH4 (metaan) yn 2050 mei 95% werombrocht wêze. It tuskendoel foar 2030 is 49%. It beheinen fan de broeikasgasemisjes yn Fryslân bart fia fiif spoaren:

  • Enerzjyprogramma
  • Feangreideprogramma
  • Lânbou-aginda
  • Provinsjale boskstrategy Fryslân
  • Regionaal Mobiliteits Programma

Stjoering

Alle neamde spoaren wurde fan ’t jier yn Provinsjale Steaten behannele. Yn de Startnotysje ‘Klimaatakkoart en enerzjyprogramma’ wurdt de fraach foarlein hoe’t dy spoarten oanstjoerd wurde. Op 26 maaie e.k. nimme Provinsjale Steaten dêr in beslút oer. Mar wêr kin út keazen wurde?

  1. troch monitoaring fan de bydrage fan de ferskate sektorale opjeften oan de klimaatdoelen en mooglike bystjoering fia de sektorale opjeften (evenredich, doelmjittich en mei draachflak);
  2. troch in evaluaasje fan de útfiering fan it Klimaatakkoart yn 2024 mei senarioútstellen hoe’t de 2030 klimaatdoelen realisearre wurde kinne (evenredich, doelmjittich en mei draachflak;
  3. troch in beskôging fan de útfiering fan it Klimaatakkoart yn 2021 mei senarioútstellen hoe’t de 2030 klimaatdoelen realisearre wurde kinne (evenredich, doelmjittich en mei draachflak).

Troch it kolleezje wurdt útsteld te kiezen foar opsje a. Dat is in opsje dy’t gjin ynbrek makket op rinnende prosessen en mei ferdrach ta in mear yntegrale oanpak liedt. Dêrmei is it in fleksibele en adaptive oplossing dy’t foar in totaaloersjoch soarget, mar ek de finger oan de pols hâldt oangeande stjoerings- en karmooglikheden.

It Enerzjyprogramma (planning ein 2021 yn PS)

Yn de startnotysje wurdt útsteld om in Enerzjyprogramma te meitsjen. Dy sil de hjoeddeistige beliedsbrief ‘Duorsume Enerzjy’ ferfange. It Enerzjyprogramma is in útwurking fan de Omjouwingsfisy. Yn de útwurking foar it Enerzjyprogramma steane de provinsjale ambysjes foar duorsume enerzjy en útkomsten fan de RES sintraal. Dy ambysjes slute oan by de klimaattafels ‘Elektrisiteit’ en ‘Beboude omjouwing’. Yn 2030 wurdt 33% fan de Fryske enerzjy duorsum opwekke (yn 2025 is dat 25%) en yn 2030 is 25% enerzjy besparre, ferlike mei 2010. Neffens de ôfspraken út it Fryske Bestjoersakkoart en it nasjonale Klimaatakkoart binne wy yn 2050 ûnôfhinklik fan fossile brânje.

Ferfolchoanpak

By it meitsjen fan in Enerzjyprogramma wurdt mei belanghawwenden en bewenners ôfstimd oer de wize wêrop’t de enerzjydoelen berikt wurde kinne, oer gearwurking mei oare partijen en de ferdieling fan rollen. In earste searje petearen sil foar de simmer fan 2021 syn beslach krije. It Enerzjyprogramma wurdt nei de simmer opsteld. It resultaat sil yntern likegoed as ekstern foarlein en ôfstimd wurde. It Enerzjyprogramma wurdt ein 2021 oan Provinsjale Staten foarlein. De resultaten fan de RES en de yn ‘e hjerst út te fieren systeemstúdzje wurde dêryn meinommen.

Fierder wurdt mei de opjeften/programma’s dy’t it Klimaatakkoart útwurkje oan in notysje oer it te ferwachtsjen resultaat it programma wurke. Dy notysje wurdt nei de simmer opsteld en tagelyk mei it Enerzjyprogramma ein 2021 oan Provinsjale Steaten foarlein.

Utdagings en kânsen

De maatregels yn dit akkoart en dit programma sille yn de kommende 30 jier yngripende gefolgen foar Fryslân en syn ynwenners hawwe. Neist gefolgen biede dy opjeften ek útdagings en kânsen op sosjaal en ekonomysk gebiet; Friezen kinne der lokkiger fan wurde. Foarbyld is de eigen wize wêrop’t in soad enerzjykoöperaasjes yn Fryslân aktyf binne om yn it eigen enerzjyferlet te foarsjen. Neist sosjale koheezje kin dat ek liede ta ekonomysk foardiel (gjin hege enerzjyrekken mear).

Pagina opties